Foar memmetaal is gjin substitút

novimber 25, 2020 07:44

Skôging

Op 5 july l.l. stie yn ’e Ljouwerter Krante dat in Klaas van Tempel yn ’e oarloch it kamp oerlibbe hie troch syn tinzen oan ’e famylje en oan Fryslân. It tinken oan de taal, de kultuer en it lânskip, de eleminten dy’t foar it grutste part de Fryske identiteit útmeitsje, moat him dy krêft jûn ha. Dy identiteit jout krekt as oare identiteiten betsjutting oan it libben en kin jin sa stypje yn omstannichheden dy’t de minslike weardichheid oantaaste.

Pier Boorsma yn aksje foar Sis Tsiis op it stasjon yn Ljouwert. Foto Sis Tsiis

Wat de Fryske taal oangiet, dy nimme de bern mei de tate yn en dat jout dy taal in emosjonele wearde dy’t alle letter oanlearde talen net ha. Guon minsken kinne har net foarstelle dat in autochtoane Nederlânner it Nederlânsk net as memmetaal hat. Sa stie yn it rapport fan de rykskommisje Van Ommen dat de Fries twa memmetalen hat (!). Tichter by de wierheid stiet Hannah Arendt, ien fan de grutste poltike tinkers fan de tweintichste iuw, as se seit dat der gjin substitút foar de memmetaal is.

De Fryske wearden moatte fansels oerdroegen wurde op de skoallen yn Fryslân. Ik wol it hjir hawwe oer twa behinderingen yn dat stribjen: de âlden en de skoalbestjoeren.

Wat de âlden oanbelanget: der wie yn ien fan de Fryske stêden in skoalle dy’t it wat it Frysk oangiet hiel goed die. De leararen woene dat lykwols net yn it nijs ha om’t de âlden tinke soene dat harren skoalle te folle omtinken jaan soe oan it Frysk, en it Nederlânsk yn ’e knipe komme soe.

Oangeande de skoalbestjoeren: doe’t der sprake fan wie dat de provinsje mear ûnderwiisfoech krije soe, stjoerde in koepel fan kristlike skoallen in brief oan de minister, dêr’t dy yn skreau dat de provinsje net mear foech krije moast om’t oars te min tiid foar it Nederlânk oerbliuwe soe.

Alden en skoalbestjoeren hawwe mear noed mei it Nederlânsk as mei it Frysk en dat is in ôfspegeling fan de maatskiplike ferhâldingen, dy’t krekt trochbrutsen wurde moatte. Se komme net op it idee dat it Nederlânk en it Frysk yntegrearre oanbean wurde kinne en sa minder tiid freegje as ûnderwiis yn de beide talen apart. Hjir is oerlis nedich tusken âlden en de skoallen en tusken provinsje en skoalbestjoeren.

Guon minsken hawwe besocht om de minskerjochten yn te setten foar it Frysktalich ûnderwiis. De minskerjochten binne ynsteld troch in oerienkomst tusken steaten, en yn steaten is it ûnderwiis yn de memmetaal fanselssprekkend. De minskerjochten jilde net foar memmetaalûnderwiis yn minderheden: de steaten ha dêr simpelwei net oan tocht of se woene gjin komplikaasjes.

Yn 1998 wie der yn Barcelona in gearkomste fan de PEN, de ynternasjonale feriening fan skriuwers, dy’t ynfiltrearre wie troch minderhede-organisaasjes. Dêr waard it rjocht op memmetaalûnderwiis yn de minderheden erkend, mar dat hat fansels gjin inkelde juridyske betsjutting.

As it politike en juridyske trajekt neat opleveret foar it Frysktalich ûnderwiis, soe in oare strategy keazen wurde kinne. Ik tink dan oan aksjes fan boargerlike oerhearrigens (civil disobedience). Dêrbij wurdt de striid oangien tsjin in diskriminearjende wet of diskriminearjend belied, en de rjochtseal wurdt brûkt as poadium om de beswieren buorkundich te meitsjen. It kredo by sokke aksjes soe wêze kinne (yn de wurden fan de Italiaanske filosoof Antonio Gramsci): “Pessimistysk yn it moed, optimistysk yn it wollen.”

Pier Boorsma, Grins
dichter en filosoof

Dizze skôging stiet yn de Ljouwerter Krante, rubryk Te Gast, fan 20 novimber 2020.
novimber 25, 2020 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.