FNP: Mear wurk meitsje fan sichtberens Frysk

novimber 12, 2020 10:06

De FNP wol dat de Provinsje Fryslân de Fryske gemeenten, it Wetterskip, supermerken, ynstellingen en bedriuwen mear aktyf ynformearret en stimulearret om it Frysk sichtber te meitsjen. Ut in nij rapport ‘Frysk yn de Ekonomy’ docht bliken dat der genôch ferlet is. De partij tsjinnet dêr in moasje oer yn by de provinsjale begrutting foar kommend jier.

Mei-inoar foar it Frysk
De FNP konstatearret dat der besteande subsydzjeregelingen, oersetters en goede praktykfoarbylden genôch binne om it Frysk yn de iepenbiere romte mear stal te jaan. Dat is ek in doel út it provinsjale bestjoersakkoart. Allinnich, dy mooglikheden binne net bekend genôch. De regeling ‘Mei-inoar foar it Frysk’ bygelyks is bedoeld om gemeenten en oare Fryske bestjoersorganen te helpen. Om harren taalbelied – mei rjochte op lokale bedriuwen, ynstellingen en ynwenners en op de lokale sichtberens fan it Frysk – út te fieren en dêrmei te foldwaan oan de betingsten fan de Wet gebrûk Fryske taal.

Tsjok waar
Tagelyk sitte in soad Fryske gemeenten op it stuit yn finansjeel tsjok waar. Dêrtroch heakket it foar de útfiering faak op in pear tûzen euro. FNP-wurdfierder Posthumus: “Der binne genôch ambysjes, sjoch bygelyks de unanime moasje yn Noardeast-Fryslân foar Fryske plaknammen en tal fan bedriuwen en ynstellingen dy’t it Frysk en de streektalen brûke wolle by opskriften en oare uteringen. Tink oan de Albert Heijn yn Damwâld en de supermerk yn Eastermar ‘Alles ûnder ien dak’. Mei wat provinsjale stipe, sawol finansjeel as mei oare help of stimulâns, kin yn de regio hiel wat út ’e wei set wurde. Wy freegje it Kolleezje de oanbefellingen út it rapport ‘Frysk yn de ekonomy’ mei te nimmen yn de útfiering. Wy wolle takomme jier ynformearre wurde. It soe moai wêze as it jild dat yn 2020 oerbliuwt fan it Frysk taalbelied, en dat no werom falt yn de reserves, yn 2021 opnij ynset wurde kin.”

novimber 12, 2020 10:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.