Fjouwer ôfleveringen fan de Top 2000-kwis

novimber 20, 2020 08:52 Fernijd

It bizarre jier 2020 sit der hast op. In protte dingen dy’t we normaal fûnen, binne foarearst net mear sa fanselssprekkend. Mar nei de Top 2000 sjen en harkje kin gelokkich noch hieltyd. De NTR trapet lykas wenst ein novimber wer ôf mei de Top 2000-kwis (dit jier mar leafst fjouwer ôfleveringen) en dêrnei folgje wer moaie muzykferhalen yn The Untold Stories. It jier wurdt ôfsletten mei de Top 2000 a gogo.

Leo Blokhuis (l.) en Matthijs van Nieuwkerk (foto: NTR)

Neist de reguliere telefyzjeprogrammearring is der mear: neist de online pubkwis yn it Top 2000 online kafee binne der dit jier ek foar alle Top 2000-fans nije ôfleveringen fan de Top 2000 a gogo-podcast te beharkjen.

Top 2000-kwis
Utstjoeringen: alle sneinen fan 29 novimber o/m 20 desimber, om 20.20 oere op NPO 3.

Top 2000 – The Untold Stories
Utstjoeringen: alle woansdeis fan 2 o/m 23 desimber, om 22.10 oere op NPO 3.

Fan 2 desimber ôf binne der wer nije ôfleveringen te sjen fan de Top 2000 – The Untold Stories. Yn de rige nimt Leo Blokhuis sjoggers mei troch achttjin jier Top 2000 a gogo fia reportaazjes út de a gogo-argiven. Yn dizze edysje ûnder oare in petear mei Andrew Ridgeley (Wham!) en it ferhaal efter harren wrâldhit ‘Careless Whisper’. Der stiet ek in ôflevering folslein yn it teken fan seks, drugs & rock-n-roll.

Top 2000 a gogo-podcast
Foar alle Top 2000-fans en muzykleafhawwers komt de NTR yn gearwurking mei NPO Radio 2 mei tolve nije ôfleveringen fan de Top 2000 a gogo-podcast. Dêryn stean de bêste ferhalen efter de nûmers út de list sintraal. Leo Blokhuis fertelt de moaiste ferhalen dy’t we fan him kenne oer Top 2000-artysten, en har dêr no ek mear tiid foar as yn de telefyzjeútstjoering. De earste ôflevering stiet no online, oer de trochbraak fan Simon & Garfunkel. De podcast is te beharkjen yn it Top 2000 online kafee, fia dizze link en fia dyn favorite podcastapp.

Top 2000-pubkwis
Op 20 en 27 novimber, fan 20.30 oere ôf, stelt kwismaster Leo Blokhuis fia in livestream út syn wenkeamer wei fragen à la Top 2000 a gogo. Meispylje kin yndividueel of mei in tiim kin fia it ‘Samen beleven’-programma. Ekstra spesjaal dit jier, mei’t der yn desimber gjin gasten yn it fysike Top 2000-kafee ûntfongen wurde kinne. Gean dêrfoar freed 20 en/of 27 novimber om 20.30 oere nei it top2000onlinecafe.nl.

Top 2000 Parels van de Bodem
Utstjoering: op tongersdei 24 desimber, om 23.30 oere op NPO 3.
Mear ynformaasje folget.

Best of Top 2000
Utstjoering: op freed 25 desimber, om 20.25 oere op NPO 3.
Mear ynformaasje folget.

Top 2000 a gogo
Utstjoeringen: alle dagen fan 26 o/m 31 desimber om 19.30 oere op NPO 3.
Mear ynformaasje folget.

Oer de Top 2000
De NPO Radio 2 Top 2000 is ien fan de grutste radio- en muzykeveneminten fan Nederlân dêr’t alle jierren sa’n 10 miljoen minsken nei sjogge en harkje. De list mei 2000 nûmers wurdt alle jierren gearstald troch it publyk en is te hearren fan de earste krystdei ôf oant en mei âldjiersjûn op NPO Radio 2. Fia nporadio2.nl kin it publyk fan 1 o/m 7 desimber stimme op harren favorite Top 2000-platen. De NTR fersoarget efterinoar de folgjende telefyzjeútstjoeringen: Top 2000-kwis, Top 2000 – The Untold Stories en Top 2000 a gogo op NPO 3. De útstjoering fan de NPO Radio 2 Top 2000 is ek 24 oeren deis te folgjen fia nporadio.nl, NPO 1 ekstra en nachts op NPO 3. Foar mear ynformaasje: nporadio2.nl.

novimber 20, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.