Ferwûndering oer oerset Frysk yn lêstfoarlizzing
Resint ferskynd
It Frysk is in offisjele taal yn de rjochtbank Noard-Nederlân, krekt as it Nederlânsk. It Ingelsk is dat net. Dochs set it Iepenbier Ministearje in Fryske tekst yn in lêstfoarlizzing oer yn it Nederlânsk, wylst in pear sinnen fierderop in Ingelske tekst letterlik stean bliuwt. Nuver, is it betinken fan abbekaat Tjalling van der Goot. Hy skriuwt op Facebook:
De lêstfoarlizzing seach der neffens de abbekaat sa út:
It is in treurige saak dat der al fan útgien wurdt dat it Ingelsk yn Fryslân better bekend is as de eigen taal. Sa’t ek yn 2018 mei kulturele haadstêd men mear Ingelsk as Frysk seach. Ik kin der net by dat ek Fryskpraters as se tegoedbon bedoele it oer in voucher hawwe en prate fan in task force yn pleats fan in kommisje.