Fersprieding koroanagoarre yn byld brocht
Resint ferskynd
Wittenskippers fan it Hubrecht Ynstitút en de Universiteit Utert hawwe in technyk ûntwikkele dy’t de fersprieding fan in goarre yn in gasthearsel sichtber makket.
De aaiwiten dy’t de goarre markearje, binne fluorisearjend makke en dêrtroch sichtber ûnder in mikroskoop. Foar it earst kinne ûndersikers no sjen wannear, wêr en hoe fluch oft in firus aaiwiten produsearret en him yn ’e gasthearsel fermannichfâldiget. Dat kin fan pas komme by it bestriden fan goarren, al komt de technyk te let om noch wat betsjutte te kinnen yn ’e striid tsjin de no hearskjende koroanagoarre.
Besjoch it filmke:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje