Fersierde fytsen

novimber 28, 2020 07:00 Fernijd

Operaasje Market Garden, Arnhem snein 17 september 1944, de dei dat ik op ’e wrâld kaam yn Nieuwolda yn it Grinzer Oldambt. Us mem fertelde dat se dy dei it gebolder fan de kanonnen hearre koe op dy oars sa stille snein. Dat hat altyd ta myn ferbylding sprutsen.
Dit jier, 2020, betinke we 75 jier befrijing. Noch wichtich?

Ik groeide op yn in deagewoane húshâlding, heit, mem, twa jonges en in famke. Yn it twadde oarlochsjier ferkocht ús heit syn slachterij en hûs. Hy hie gjin nocht oan ’e itensdistribúsje dy’t de Dútsers him opleine. In lytse died fan ferset?
Yn Nieuwolda waard in oar hûs kocht en ús heit krige in baan by in fersekeringsmaatskippij It hûs stie oan ’e Wagenborgerweg, eartiids de Stationsweg. Der wie in grutte tún dêr’t fan alles op wurde koe. De oarlochsjierren ferrûnen rêstich, gjin honger, net al te folle lêst fan de Dútsers, mar ferboud wol beset, net frij en altyd wach wêze.

Fan dat alles hie ik gjin weet. Wat ik út de oarloch wit, is my ferteld troch myn âlden en bruorren, de iene tsien en de oare fiif jier âlder. Dy hawwe, benammen de âldste, de oarloch bewust meimakke. Ik moast fan de jonges faak hearre dat ik de oarloch net meimakke hie en dus eins net meitelde as deroer praat waard. Ik hie in bytsje profyt fan myn bertedei, omdat it de dei wie fan de slach om Arnhem. Hie ik dochs in punt!

Yn 1945 wie yn Nieuwolda it oarlochsgeweld noch wol tige merkber. Efter ús hûs rûn foarhinne it spoar fan de Noordoosterlocaalspoorweg Maatschappij, koartwei Nols. It spoar wie al opbrutsen yn 1944. Der leine noch wat bylzen, de measte wiene al opstookt en de ferrustke rails wiene ek lizzen bleaun. It wie in moai boartersplak foar de jeugd.
Omdat it spoar wat heger en krekt bûten it doarp lei, wie it in geskikt plak foar de Kanadezen om dêrefter harren legerplak op te slaan. Sy kamen werom út de rjochting fan Delfzijl. Dat wie in havenplak en it lei strategysk oan ’e Dollard. Der is omraak fochten. It slagge de Dútsers úteinlik dochs noch om it plat te bombardearjen en fan it historyske sintrum is neat oerbleaun.
It âlde spoar en de Kanadezen wiene foar de jeugd in soarte fan ‘trekpleister’. Myn âldste broer ferkocht dêr ús aaien; útsein jild krige er ek sûkelade en sigaretten. It smoken fan ien sigaret hat him foargoed wjerholden om dermei troch te gean.

It wie yn ’e lêste oarlochsmoanne te gefaarlik om thús te bliuwen. Tagelyk mei ús buorlju setten we mei hynder en wein nei Heiligerlee, dêr’t ús heit en mem freonen hiene. Nei de befrijing rieden se mei de hiele groep wer nei hûs ta. Dat wie in prachtige reis, seine myn bruorren en it wie och sa sneu dat ik ek der neat fan wist, fûnen se. Elkenien wie bliid om werom te kinnen. Doe’t se it hûs yn kamen, koene se har eagen net leauwe. It wie in enoarme ravaazje. Wekflessen leine heal leechiten yn ’e keuken. Yn ’e kelder wiene se stikkenfallen of ‑goaid. De radio, dy’t se ek fûn hiene en grif net foldie, lei stikken tusken de beantsjes. De Kanadezen hiene yn ús hûs tydlik har bivak opslein. Dat wie nofliker as in tinte.
It ferhaal moat sa faak ferteld wêze dat ik as beukerke deroer fertelle koe as hie ik it meimakke. Ik wie derby, acht moanne âld en woe fansels hearre litte dat ik de oarloch wis wol meimakke hie.

Yn 1949 ferhuzen we nei Appingedam en yn 1955 nei de stêd Grins.’Noar stad’, sizze de Grinzers, mar se fergeaten dat Appingedam yn 1327 stedsrjochten krige hie en dus ek in stêd wie. As ik dat op ’e nije skoalle fertelde, woe net ien my leauwe. Myn oantinkens oan de oarloch binne fan dy tiid ôf. Oan ’e ein fan de oarloch is der fûleinich fochten yn Grins. De binnenstêd wie hast kompleet fuortsketten. De stedsbus hie in halte foar in enoarm gat, dêr’t letter V&D boud is. Dêr stapte ik út om nei muzykles te gean, mar moast earst altyd efkes nei dat grutte gat sjen foar’t ik fierder rûn.

Ik hear by de generaasje dy’t yn ’e earste jierren nei de oarloch nei de legere en de middelbere skoalle gie. De oarloch wie foar ús swart-wyt. Dat hearden we op skoalle en om ús hinne. Thús waard dat wol relativearre. Der wiene net allinnich goede of minne minsken. Troch it ferset binne heldedieden ferrjochte. Troch guon dy’t oan de Dútske kant stiene, binne freeslike dingen dien. ‘Mar’, sei ús heit, ‘de measte minsken libben yn in drege tiid. Ien ding sei er altyd: ’Weagje it net om bern fan NSB’ers te narjen. Sy hawwe der net foar keazen om ‘fout’ te wêzen.’
Alle jeugdboeken oer de besetting fan Anne de Vries en Klaas Norel waarden troch my hast ‘opfretten’. Dappere minsken dy’t gefaarlike dingen diene. Ik tocht eins dat, as ik yn dy tiid folwoeksen west hie, ik op syn minst koerierster wurden wie. Doe’t ik jierren ferlyn in jurk kocht dy’t der wat foaroarlochsk útseach, sei ien fan ús dochters: ‘No beppes fyts derby en dan is mem dochs noch koerierster.’

2020, 75 jier befrijing. Hoe fertel ik myn bern en bernsbern hokker stoarm der oer Europa raasd hat? It is út de tiid fan oerpake en oerbeppe en noch in bytsje fan pake en beppe. Pake, do hast de oarloch meimakke, fertel der ris oer. Pake wie 4 jier doe’t de oarloch útbruts. Yn maaie 1940 seach er fjouwer fleantugen oerkommen en fertelde dat thús. Syn heit sei: ‘No is it oarloch.’ Hy wenne ek op in doarp en der wie genôch te iten. Op skoalle wiene hast gjin pinnen, potleaden en skriften. As it skrift fol wie waard it omkeard en moasten je ûnder de lyntjes skriuwe. Unbegryplik foar in bern fan dizze tiid, dy’t it iene stik papier nei it oare brûke. Yn skoalle wie it kâld yn ’e winter, trochdat der net genôch brânstof wie om de kachel te stoken. By it bûterfabryk lei in skip mei twa Dútsers. De iene wie goed en de oare moasten je wat foar oppasse. De Dútsers holden ek wolris in oefening yn it doarp. Dan siet pake mei syn freontsje yn it hinnehok, dat wie spannend.
It foel de pakesizzer wat ôf, want it hie dochs spannender west as pake soldaat west hie yn de oarloch.

Troch alle berjochtjouwing, oarlochssjoernalen en literatuer, dy’t mear nuânse hawwe as yn myn jeugd, is myn byld fan de jierren 1940/1945 en de jierren dy’t deroan foarôfgiene feroare. Ien ding kin net nuânseare wurde. It lot fan de Joaden, de Roma en elkenien dy’t net foldie oan it minskbyld fan de nazys, dat is net yn wurden te fetsjen. Oan de minsken dy’t it noch meimakke hawwe, mar ek foar myn nei-oarlochske generaasje is it de taak om te fertellen dat dit nea wer barre mei. Yn it hjoeddeiske Europa en ek yn Nederlân wurde tsjinstellingen wer sichtber. Ferdraachsumens is soms fier te sykjen. De betinking op 4 maaie is nei 75 jier wichtiger as er ea west hat.

It feest op 5 maaie gie dit jier oer. Skande fan alle tariedingen. Takomme jier fiere we 75+1.
Net as foarhinne mei prachtige optochten, famkes en jongens ferklaaid yn read, wyt en blau, mei fersierde fytsen en it korps foarop, mar op hjoeddeiske wize, strjitkeunstners, festivals en konserten. Sûnt no op oardel meter ôfstân.

Hoe’t dat moat, kinne we alfêst dit jier betinke.

Ina Kuipers

Dit ferhaal, ynkommen by it tydskrift DE NIJE, wurdt yn goed oerlis mei de skriuwster, op It Nijs publisearre.
novimber 28, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.