Feroarjende tiden (proazagedicht)

novimber 22, 2020 14:13 Fernijd

April 1945
We sieten yn ’e ûnderwâl, myn buorfamke en ik.
Yn ’e sinne, út ’e wyn. We fisken op stikelbearskes en hienen it nei ’t sin.

Wy skrokken fan de motor dy’t achter ús stoppe.
De kleur fan de motor wie net griisgrien en op it spatboerd stie net in heakkekrús.
Grienbrún wie de motor en op it spatboerd stie in flachje – read en wyt en blau.
Ta ús fernuvering spriek de man yn de learen jas gjin Dútsk, mar Nederlânsk.
‘Gau nei hûs’, sei de man, ‘en fertel se dat jim frij binne.’
Hy ried fierder.
Wy rûnen nei hûs, beide nei ús eigen mem.
Mem helle de flagge fan it geheime plakje op ’e souder. Optein wie se.
Mar ek bang.
Dat se weromkomme koenen, de Dútsers.
Dat dienen se net.
Wy wienen frij.
Eltsenien wie bliid. Lake.
Ik ek?
Ik wit it net mear.

In pear dagen letter mocht ik op in jûn, nei iten, samar nei bûten ta.
Doe krige ik in frjemd gefoel – ik fielde my ferlern yn ’e romte, fielde my huverich. Ik hie langst nei de waarmte fan mei-inoar by it pitsje dat dreau yn it blikje mei koalsiedoalje.

Ik doar it hast net te sizzen, mar sels nei mear as tachtich jier is de oarlochstiid yn myn
ûnthâld in gelokkige tiid. Omdat de minsken ien wienen miskien?

In soldaat, it gewear foar it boarst, stie by de efterdoar, driigjend.
Fan bommen hie ik weet, mar se foelen net op ús hûs.
Fan eksploazjes wist ik. Ik hie se heard doe’t de brêgen opblaasd waarden – fier wei.
Ik hie oan de kime de stêd brânen sjoen.
Ik rûn mei oaren troch de strjitten dy’t yn pún leinen.
Ik wie bang as nachts de fleantugen oerfleagen.
Ik seach se oerkommen, de V1’s mei grillige sturten.
Ik stie by it hûs dat de Dútsers yn ’e brân stutsen.
Fan de Joaden wist ik net.

En doch fielde ik my feilich yn myn eigen lytse wrâld.

‘Kom vanavond met verhalen’, skreau Leo Vroman.
Hy soe ‘wenen’.*
Ik sil langstme fiele nei doe.
Mar ik begryp dat net.

April 2020
Ik sit thús.
Foar it isolemint ha ik sels keazen.
Ik hear ta de kwetsberen.
In ûnsichtbere fijân bedriget my.

Ik doch wat foarskreaun wurdt:
hanwaskje, ôfstân hâlde
en wat noch mear neamd wurdt.
It nije normaal is foar my gjin grut probleem.
Hûdhonger ha ’k nea hân.
Wat de supermerk net bringe kin, bestel ik op ynternet.
Neat oan ’e hân.
Ik fiel my feilich binnen de muorren fan it eigen hûs.
Miskien duorret it wol hiel lang, mar dêr sit ik net oer yn.
Oan ’e ein fan ’e moanne stiet it pensjoen wol op ’e bankrekken.

Ik wit fan de smûgende pasjinten op de ic’s.
Ik wit fan de zzp’ers sûnder of mei mar in
lyts bytsje ynkommen.
Ik wit fan Lesbos.
Ik wit fan Idlib.
Ik wit fan…, ja, ik wit fan mear as dêr’t ik fan witte wol.
’t Is allegear net sa bêst.

Der is in protte feroare as ik fergelykje
mei de tiid dat ik bern wie.
Doe en no binne eins net mei-inoar te fergelykjen.

Ja, de tiden binne wol wat feroare.

My-doe foel neat te ferwiten – in bern noch.

  • Kom vanavond met verhalen
    hoe de oorlog is verdwenen,
    en herhaal ze honderd malen:
    alle malen zal ik wenen.

Inger Wets

Dit proazagedicht, ynkommen by it tydskrift DE NIJE, wurdt yn goed oerlis mei de skriuwster, op It Nijs publisearre.
novimber 22, 2020 14:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.