Fernijde poarte nei it Frysktalige web iepen

novimber 14, 2020 13:45

Trochstart Startside.frl

De Ried fan de Fryske Beweging set in fenijde poarte nei Frysktalige websiden iepen: op Startside.frl wurdt it Frysktalige part fan it wrâldwide web yn de etalaazje set. Fan dy side kin trochklikt wurde nei alle Frystalige websiden dy’t op it stuit by de Ried bekend binne. Fierders ferskine der algeduerigen farske trochkliks nei it lêste nijs fan foarname Frysktalige siden. Boppedat is der op Startside.frl nijsgjirige eftergrûnynformaasje te finen oer Fryslân, de Friezen en it Frysk.

‘Foarkomme dat it Frysk kreolisearret’

De Ried fan de Fryske Beweging is fiif jier lyn al mei in eardere ferzje fan de Fryske Startside úteinset om te stimulearjen dat it Frysk mear lêzen wurdt, no’t boeklêzen langer yn populariteit ôfnimt en it op it ynternet fakentiden in toer is om lytse talen lykas dy fan ús werom te finen. Benammen ek om’t minsken op sykmasines gauris automatysk syktermen yn de mearderheidstaal brûke. Neffens de Ried is it lykwols tige wichtich dat Friezen harren taal mei lêzen ûnderhâlde. Heechlearaar Fryske taal en letterkunde Goffe Jensma stimt de Ried dêryn mei. Jensma: “Sûnder besef fan it skreaune Frysk ûntstiet by de Fryskprater wat taalkundigen neame ‘linguistic insecurity’: taaltwivel. Troch harren jierrenlange skriuwûnderwiis en troch it deistich oanbod oan skreaune Nederlânske teksten hawwe de measte minsken foar it Nederlânsk in fêst byld yn de holle fan wat korrekt is en wat net. Nederlânskpraters korrizearje inoar dêr ek hieltyd op, bewust en ûnbewust. Yn it Frysk is dat net sa.” (Lês De taaltwivel fan studint Hoeke Tamme.) As Friezen wol algeduerigen Nederlânsk lêze, mar amper Frysk, hat dat gefolgen foar it Frysk praten en is dat dêrtroch fan ynfloed op de takomst fan de taal sels. De betinker fan de Startside, Nanne Hoekstra, ferdútst: “Der ûntstiet in mingtaal: it Frysk kreolisearret winliken en degradearret ta in dialekt fan it Nederlânsk. Mei it better ûnderwizen fan de Fryske taal is dat noch krekt tefoaren te kommen, as we avensearje, mar bûten de skoalbanken moat de taal ek ûnderholden wurde. En it stimulearret net om Frysk lêzen te learen as der te min yn dy taal te lêzen falt. De Ried fan de Fryske Beweging krewearret dêrom foar it oanbieden fan nijsgjirrich skreaun Frysk mei it mooglik meitsjen fan nijswebside ItNijs.frl, it útjaan fan it blêd De Nije en no mei de fernijde Startside.frl.”

Ideeën wolkom

Oant no ta húsmanne de Startside yn by de hiemside fan de Ried. Mei stipe fan de Provinsje Fryslân hat websidemakker Liesbeth Hiddema beide siden opspjalt en de selsstannige Startside opkreaze en útwreide mei in protte nije skeakels, benammen nei Fryske artysten. De ynformaasje op de side sels is aktualisearre. Boppedat binne digitalisearre ferzjes opnommen fan printe tydskriften dy’t de Ried útjout. Mei Startside.frl set de Ried fan de Fryske Beweging no de poarte nei de Fryske taal en kultuer op it wrâldwide web waachwiid iepen. Lykwols is sa’n side nea klear. Wa’t noch flaters sjocht of ideeën hat oer mear websiden, bettere logo’s, tekstoanpassingen en -útwreidingen, digitalisearre tydskriften ensafh. wurdt útnûge om kontakt op te nimmen mei de Ried fan de Fryske Beweging: dat kin mei dit kontaktformulier.

Klik hjir foar de Fryske Startside.

novimber 14, 2020 13:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.