Feie Fonyk: “Smadelijke godslastering”

novimber 26, 2020 10:42

Kollum

Op 2 septimber begûn yn Parys it proses oer de oanslaggen op it tydskrift Charlie Hebdo en in Joadske supermerk yn jannewaris 2015. Yn totaal fjirtjin persoanen wurde derfan fertocht dat se stipe jûn hawwe oan de aksjes dêr’t yn totaal santsjin minsken by om it libben kamen. De trije terroristen dy’t de oanslaggen útfierden, steane net foar it rjocht, want se binne deasketten troch de plysje.

De bruorren Saïd en Cérif Kouachi skeaten op 7 jannewaris 2015 tolve minsken dea op de redaksje fan Carlie Hebdo. Amedy Coulibaly, kunde fan ien fan de bruorren, skeat in dei letter in plysjeman dea en noch in dei letter fjouwer minsken yn in Joadsje supermerk. De fjirtjin persoanen dy’t terjochte steane, wurde derfan fertocht dat se jild jûn hawwe en wapens levere.

Twa dagen foar de oanslach yn jannewaris kaam der yn Frankryk in boekje út mei as titel Lettre aux escrocs de l’islamophobie qui font le jeu des racistes. It ferskynde yn it Nederlânsk ûnder de titel Brief aan de huichelaars die het racisme voeden. It waard skreaun troch Charb (Stéphane Charbonnier). Hy wie oant en mei 7 jannewaris 2015 de direkteur fan Charlie Hebdo.

Al yn 2013 wie er troch Al Qaida op in deadelist set fanwege syn cartoons oer Mohammed. Fan dy tiid ôf krige er plysjesbeskerming. In jier earder spruts er him yn deiblêd Le Monde út oer bedriging: ”Ik ha gjin bern, gjin frou, gjin auto, gjin skulden, wat ik no sis klinkt miskien yn bytsje heechdravend, mar ik stjer leaver rjochtop as dat ik op ’e knibbels libje.” Dat barde dus op dy moarn yn jannewaris.

Spitigernôch hawwe syn oanslachplegers De brief aan de huichelaars… “ nea lêze kinnen. Charb ferset him dêryn tsjin de diskriminaasje fan leauwige minsken en tsjin de diskriminaasje fan moslims. Hy is wol fan miening datst grappen meitsje kinst oer it leauwen en dat die er. Net allinnich oer de islam, mar ek oer de tsjerke en politisy.

Ut en troch geane der yn ús lân stimmen op om grappen oer godstsjinst, God, Allah, Mohammed en Jezus fan Nazaret te ferbieden. Wy hiene oant en mei 2013 de wet op de “smadelijke godslastering”. Nei de oanslach op Theo van Gogh wie de doetiidske minister fan justysje Piet Hein Donner fan betinken datst dy wet better mar wer ynfiere koest. Dat is net bard, mar cartoonisten en kabaretiers binne ûndertusken tige foarsichtich wurden. Spitich!

 

novimber 26, 2020 10:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.