Feie Fonyk: Se moatte dea, ôflevering 1

novimber 9, 2020 10:07

boarne: út Juf Rolanda, Bijbelverhalen

Manlju en froulju, jong, âld en net te ferjitten de kij, skiep en ezels, se wurde allegearre deaslein. It is yn opdracht fan de Heare (Jozua 6-21). De Israeliten hawwe seis dagen om de stêd hinne rûn, mar nei de sânde kear stoarte de muorren yn en kinne se Jericho ynnimme. Der binne minsken dy’t dit bibelske ferhaal oer it ynnimmen fan de stêd letterlik nimme.

Oer ferhalen út it Alde Testamint is in soad publisearre. Ien fan de nijsgjirrichste boeken is Geschiedenis der Godsopenbaring fan dr. F.L. Bakker. It kaam út yn 1949 en it fertelt de ferhalen yn ienfâldige wurden nei mei wat útlis, sûnder ien fraachteken oer de feitlikheid. Der steane kaartsjes by om oan te jaan wêr’t de ‘skiednissen’ bard binne en yn de útjefte fan 1950 steane foto’s fan de plakken fan no.

Ik gean leaver te rie by de grutste bibelkenner fan Nederlân. Dat is Maarten ’t Hart. Hy skreau yn 1997 Wie God verlaat heeft niets te vrezen, fiifenfjirtich kollums oer de bibel. Yn 2002 kaam in twadde bondel út De bril van God. Dat telt 52 stikjes, foar elke snein ien. Yn beide bondels toant ’t Hart mei gefoel foar humor oan, datst dy ferhalen net letterlik nimme kinst. Beide boeken binne spitigernôch allinne noch twaddehânsk of digitaal te keap.

Yn dat ferhaal oer Jericho jout God opdracht om minsken dy’t net yn Him leauwe dea te meitsjen. Dat is op mear plakken yn it Alde Testamint it gefal, want God hâldt net fan ôfwikende opfettingen. In oar sprekkend foarbyld is de moard op 450 prysters fan Baäl. “Doe foel it fjoer fan de Heare del en fertarde it brânoffer en it hout en de stiennen en it stof, ja it sûgde sels it wetter út de greppel op. Doe’t it folk dat seach, lieten se har allegearre foaroer delfalle en seinen: De Heare dy is God! De Heare dy is God! Doe sei Elia tsjin har: Pak no de profeten fan Baäl op, lit net ien fan har ûntkomme. En hja pakten se op en Elia liet har by de berch del nei de beek Kizon bringe en liet har der ôfslachtsje. (I Keningen 38 – 40).”.

De tsjintwurdige halsôfsnijers fan it islamisme, de ekstreme islam lykas IS, Al Qaida binne yn it ljocht fan dizze âld testamintyske ferhalen better te begripen.

novimber 9, 2020 10:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga novimber 9, 15:30

    Ek út dizze beskôging blykt mar wer dat de measte godstsjinsten wreed binne. Dêrom binne se allegearre betinksel en moatte jo se net leauwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.