Feie Fonyk: Se moatte dea, ôflevering 2

novimber 19, 2020 09:52

Sûnt desimber 1905 hat Frankryk ‘laïcité’, skieding tusken tsjerke en steat. De beweging om it safier te krijen is mei de Frânske revolúsje yn 1789 begûn, “Ni Dieu, ni maître”, gjin god en gjin master. Kinst yn Frankryk leauwe watst wolst, kinst in tsjerke, moskee of synagoge bouwe, mar do meist yn in publike funksje gjin krúske, keppeltsjes of holledoek drage. Silst yn in gemeentehûs of skoalle gjin juffer of amtner mei in holledoek sjen.

Mei de komst fan ymmigranten út moslimlannen is dy laïcité ûnder druk kommen te stean. Ommers, lykas eartiids de Roomsk-Katolike tsjerke it hiele libben besloech, sa beslacht de islam it totale bestean yn lannen as Saudy-Arabië en Afghanistan. In grut part fan de Frânske moslimbefolking is derfan oertsjûge dat de Koran en de wurden fan de profeet (frede mei him) heger oanslein wurde moatte as de wetten dy’t troch minsken betocht binne. Foar moslims dy’t net mear yn Allah leauwe is it net maklik om dêrfoar út te kommen. Kinst maklik útstjitten wurde út dyn eigen famylje en rûnte fan freonen.

Der binne minsken dy’t fine dat de oanslaggen fan tsjintwurdich neat te krijen hawwe mei it leauwen. Dat soe net de wiere islam wêze. Wa’t de Koran iepenslacht, komt ta oare konklúzjes. Der binne tal fan soera’s dy’t oproppe ta geweld tsjin minsken dy’t net leauwe. Ien en oar betsjut dat wy in Europa oer de lêste fiif jier mear as 130 oanslaggen hân hawwe, dêr’t mar al te dúdlik by is dat de dieders tinke dêr in goede died mei dien te hawwen. It Alde Testamint fan de Bibel en de Koran binne gewelddiedige geskriften, dy’t allinne goed te begripen binne tsjin de eftergrûn fan de tiid fan harren ûntstean.

Men soe wolle dat de lêzers fan dize “hillige” boeken begripe dat it net god is dy’t hjir praat. God praat net. It is skreaun troch minsken foar oare minsken. Eins soe der in hantlieding by útjûn wurde moatte dy’t begjint mei: “Dit is in ryk mar gefaarlik boek. Tink derom: nim it net letterlik.” Salang’t dat net bart en salang’t yn moskeeën en tsjerken it wurd fan Allah of God ferkundige wurdt, sille leauwenden konklúzjes lûke en ta dieden oergean dy’t wa wit sinfol wiene by woestynfolken fan mear as in pear tûzen jier lyn, mar net no.

It plaatsje ferwiist nei in aardich Frânsk YouTubefilmke: ‘Les clés de la république. La laícité.’ Dêr wurdt yn goed twa minuten yn útlein wat de skieding tusken tsjerke en steat foar de skoallen betsjut.
novimber 19, 2020 09:52
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hidde Bruinsma novimber 25, 21:28

    Jo opmerking dat er inde Bibel en koran in bulte teksten stean dy’t oproppe tot geweld is iensidig. Jezus fan Nazareth Jimme hawwe heard, dat der sein is: In each foar in each, in tosk foar in tosk. Mar ik siz jimme as ien jim in slach jouwt op rjochter wang, keer him dan ek it oare ta.(Matt 5 38-39) Mohammed die verderf brengen op de aarde diegenen voor hen is de vervloeking en voor hen is het kwade verblijf.(soera 13 25) vertaling J.H. Kramers. Maar zij die op aarde verderf hebben gezaaid, worden vervloekt. hun wacht een vreselijk einde. (vertaling Kader Aabdolah 100). Sij dy dea en ellinde bringe geane nei de hel (eigen oersetting)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.