Feest by Omrop Fryslân: 35-jierrich jubileum Piet Paulusma

novimber 28, 2020 08:47

Tiisdei 1 desimber is it de hiele dei feest by Omrop Fryslân. Yn ferskate radio- en telefyzjeprogramma’s wurdt omtinken jûn oan it jubileum fan Piet Paulusma, dy’t dan 35 jier aktyf is as waarman.

Foto: Omrop Fryslân

Op 1 desimber 1985 om healwei ienen wie Piet Paulusma (doe 28 jier âld) foar it earst op de radio te hearren by Omrop Fryslân. Hy presintearre it waar as ferfanger fan Hans de Jong. Piet is ûnderwilens bekend yn hiel Nederlân. Sa waard er keazen as populêrste waarman fan 1999, 2000 én 2006. Los fan dat er by mear stjoerders it waar presintearret, soarget Piet altyd foar in glimk op it gesicht fan elkenien. Piet giet troch waar en wyn om it waarberjocht op lokaasje te presintearjen. Syn bekende praatsjes en fansels it wolbekende ‘Oant moarn’ is yn hiel Nederlân bekend wurden.

Feest en lokwinsken foar Piet
Alles stiet 1 desimber yn it teken fan dat 35-jierrich jubileum. Fan radioreportaazjes oer syn karriêre, oant ferhalen fan bekenden út Piets omjouwing en lokwinsken út it hiele lân. Fia de ‘Lokwinsketelefoan’ kin elkenien Piet de hiele dei lokwinskje. Dat kin troch te beljen mei 058 70 09 777 en in berjocht achter te litten. In fraach of boadskip foar Piet? Middeis skoot Paulusma oan yn it radioprogramma Weistra op wei. Hy beäntwurdet dêr alle fragen dy’t harkers ynstjoere fia de Omrop-app.

De jûns wurdt op de telefyzje yn in wiidweidich Fryslân Hjoed omtinken jûn oan it jubileum. Yn in reportaazje hawwe bekenden it oer it begjin fan Piet syn karriêre as waarman en komme oare moaie ferhalen foar it ljocht.

novimber 28, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.