Entûsjasme oer earste lessen Grinslânsk yn fuortset ûnderwiis
Resint ferskynd
It doel fan Olaf Vos is dat oer twa jier alle skoallen yn Grinslân it fak Grinslânsk op it roaster set hawwe. Vos is streektaalkonsulint fan Grinslân en wiskundelearaar oan skoallemienskip Ummo Emmius yn Wynskoat. Op dy skoalle hat er de ôfrûne wiken foar it earst ek lessen yn de Grinslânske fariant fan it Nedersaksysk jûn.
De lessen wiene frijwillich en der wie mear belangstelling as dat Vos yn it foar tocht hie. Neffens Vos kaam it entûsjasme fan de learlingen mei trochdat Vos in protte muzyk yn syn lessen brûkt. Hy is nammentlik yn Grinslân in tige bekende sjonger, dy’t yn it Grinslânsk rept. Dat hat er syn lessen dan ek dien. Mar it wie fansels net allinne mar muzyk, seit er. “Ik probeer het Gronings verder aan te leren als het vak Engels of Frans.”
Omdat der oant no ta gjin learboek wie foar de Grinslânske taal foar jongelju yn ‘e bongeljierren, hat Vos sels materiaal ûntwikkele.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje