Earste resultaten Oxford-faksin: 60 oant 90% effektyf
Resint ferskynd
It koroanafaksin dat de universiteit fan Oxford mei de farmaseut AstraZeneca ûntwikkelet, biedt in tige effektive beskerming, seit AstraZeneca yn in parseberjocht. Neffens de earste tuskentiidske resultaten leit de beskerming tsjin de goarre tusken sechtich en njoggentich persint.
De Europeeske Uny hat sa’n 300 miljoen dosearrings fan it Oxford-faksin kocht. Hoe effektyf oft it faksin is, hinget fan de dosearring ôf. Proefpersoanen dy’t earst in heale doasis tasjinne krigen en dêrnei in hiele, blieken better beskerme as minsken dy’t twa kear de folsleine doasis krigen. Yn trochsneed komt de effektiviteit fan beide groepen neffens Astra Zeneca út op santicht persint.
De effektiviteit is leger as dy fan oare ûntwikkelders, lykas Pfizer en Moderna, dy’t beide suksespersintaazjes fan 95 kleme. Foar it faksin fan Oxfor/AstraZeneca jildt lykwols dat it goedkeaper is en boppedat makliker te bewarjen. Sa kin it yn elts gefal seis moanne yn ’e kuolkast bewarre wurde, sûnder dat it ynferzen wurde moat.
De EU hat opsjes naam op seis ferskillende faksins, neist it Oxford-faksin ek op de faksins fan Pfizer en Moderna.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje