Bywurke: Astronauten romtefeartkapsule SpaceX oankaam yn ISS

novimber 16, 2020 09:02

It kommersjele romtefeartbedriuw SpaceX hat foar de twadde kear in bemanne kapsule lansearre nei it romtestasjon ISS. Om healwei twaen fannacht (Nederlânske tiid) gie it Dragon-romteskip fuort, mei fjouwer bemanningsleden oan board, fan it Kennedy Space Center yn de Amerikaanske steat Floarida. De flecht hie in dei fertraging, want sneon waaide it noch te hurd.

It ISS (foto: Wikipedia/NASA – publyk domein)

It is de earste offisjele flecht dy’t SpaceX útfiert. Yn maaie fierde it bedriuw al in suksesfolle testflecht út mei twa bemanningsleden oan board. Dat wie de earste kear ea dat in kommersjeel bedriuw in bemanne romtekapsule lansearre.

Oan board fan de kapsule binne trije Amerikanen en in Japanner, dy’t neffens plenning tiisdeitemoarn betiid Nederlânske tiid by it ISS oankomme moatte. It is foar it earst dat der fjouwer bemanningsleden tagelyk by it romtestasjon oankomme.

SpaceX-topman Elon Musk koe de lansearring fan de twadde bemanne flecht net fan tichtby meimeitsje. Hy sit yn karantêne om’t er nei eigen sizzen wierskynlik de koroanagoarre skipe hat.

Bywurke tiisdei 17/11 09.30 oere: De fjouwer astronauten binne krekt nei 05.00 oere oankaam by it ISS, sa’n 27 oeren nei de lansearring mei in Falcon 9-raket. It ISS, dat op in hichte fan 400 kilometer rûntsjes om de ierde draait, is foar de kommende seis moanne harren thús.

novimber 16, 2020 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.