Dútslân wol mear Europeeske aksje foar minderheidstalen

novimber 28, 2020 19:35

Foto: pixabay.com

De grutte hantekeninge-aksje foar in gearkomste oer minderheidstalen yn it Europeesk Parlemint hat no al fertuten dien. It Dútske parlemint falt de ûndertekenders by en wol him sterk meitsje foar in Europeesk minderheidstalebelied.

Freed besleat de folsleine Dútske Bûnsdei ienriedich om in moasje fan de partijen CDU/CSU en SPD te stypjen. Dêrmei ropt de Bûnsdei it Europeesk Parlemint derta op om de ideeën dy’t yn de tariedende sitting bepraat binne út te fieren. Ien fan dy ideeën is om in aparte Europeeske subsydzjepot foar minderheidstalen te meitsjen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

De ideeën steane beskreaun yn in dokumint dat Minority Safe Pack hjit. Mear as in miljoen minsken hawwe in petysje ûnderskreaun dy’t it Europeesk Parlemint derta oprôp en behannelje it yn in gearkomste. Sjoch hjirre foar it folsleine ItNijs-dossier dêr oer.

novimber 28, 2020 19:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.