Duorsume produksje fan suvelprodukten op de Waadeilannen

novimber 5, 2020 10:47

Op Skylge, it Amelân en Skiermûntseach binne suvelprodukten duorsum te ferwurkjen. Dat is de útkomst fan in ûndersyk nei de helberens dêrfan, dy’t troch hegeskoalle Van Hall Larenstein útfierd is yn opdracht fan trije ûndernimmers fan de eilannen en de provinsje Fryslân.

Deputearre Sander de Rouwe: “It ûndersyk past hiel goed yn ús ambysjes om ek ús eilannen mear sirkulêr te meitsjen. It lit sjen dat sirkulêre ekonomy net allinne mar oer it opnij brûken fan grûnstoffen giet, mar dat it ek kânsen jout foar nije fertsjinmodellen.”

foto Provinsje Fryslân

De bedoeling is om mear molke op de eilannen ta tsiis te ferwurkjen. Op dy wize is der minder transport fan molke nei de fêste wâl. By it meitsjen fan tsiis ûntstiet waai as restprodukt. Van Hall Larenstein hat ûndersocht wat de mooglikheden binne om fan waai nije produkten te meitsjen. Op basis fan in senario-analyzemodel die bliken dat it ferwurkjen fan de weardefolle aaiwiten út de waai ta ricotta en iis de bêste kânsen jout. Behalven minder transportkosten hat dat ek in koartere produksjestring en in grutter oanbod fan streekprodukten op de eilannen fan gefolgen.

novimber 5, 2020 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.