Dokumintêre ‘Mijn Rembrandt’ yn desimber op telefyzje te sjen

novimber 13, 2020 08:52 Fernijd

Sels nei 350 jier hawwe de skilderijen fan Rembrandt neat oan sizzingskrêft ferlern en witte se minsken djip te reitsjen. Yn har nije film Mijn Rembrandt dûkt regisseur Oeke Hoogendijk (bekend fan Het Nieuwe Rijksmuseum) yn ’e wrâld fan de âlde master.

Foto: NTR

De dokumintêre is nei eigen sizzen ‘in epyske keunstthriller’ wurden, dêr’t de filmmakster in fasinearjend ynsjoch yn jout op wat it wurk fan de Nederlânske skilder sa bysûnder makket. Yn in filmysk mozayk fan oangripende ferhalen laat de ûnmjitlike passy foar Rembrandts skilderijen ta dramatyske ûntwikkelingen en ferrassende plotferoaringen.

Mijn Rembrandt lit troch fraai kamerawurk sjen wat it wurk fan de Nederlânske master yn technysk opsicht sa bysûnder makket. De dokumintêre gie yn wrâldpremjêre op it International Documentary Film Festival Amsterdam (IDFA) 2019.

Regisseur: Oeke Hoogendijk
Produsint: Oeke Hoogendijk en Frank van den Engel / Discours Film

Utstjoering: snein 27 desimber, 20.15 oere by de NTR op NPO 2

Besjoch hjir de trailer.

novimber 13, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.