De Nacht fan de Popmuzyk 2020

novimber 6, 2020 08:47 Fernijd

Mei Matthijs van Nieuwkerk, Leo Blokhuis en Fenno Werkman – Utstjoering: 14 novimber om 22.25 oere op NPO 3

Yn ’e Nacht fan de Popmuzyk 2020 biedt de NTR foar alwer de fyftjinde kear, streekrjocht op NPO 3, mear as trije oeren lang bysûnder en faak noch nea fertoand argyfmateriaal foar popleafhawwers. Allinnich mar liveregistraasjes, ynlaat en fan anekdoaten foarsjoen troch Matthijs van Nieuwkerk, Leo Blokhuis en samler Fenno Werkman.

Matthijs van Nieuwkerk (l.) en Leo Blokhuis (foto: NTR)

Dit jier is der ûnder oaren omtinken foar de Ierske mastergitarist Rory Gallagher, sjongeres Nina Simone, de bands Kula Shaker, No Doubt en En Vogue, 75 jier Metropole Orkest, de meast beharke nûmers fan de tachtiger jierren, artysten dy’t dit jier ferstoarn binne, sjongende drummers, dat it fyftich jier lyn is dat ‘Paranoid’ fan Black Sabbath útkaam en in bysûnder staaltsje fan Emerson, Lake & Palmer.

Ofbylding: NTR

Tsjinje in fersyknûmer yn
Yn it programma is folop omtinken foar de muzyksmaak fan de sjogger. Fan no ôf kin elkenien fia nachtvandepopmuziek.nl syn of har favorite nûmer oanfreegje út in list fan 36.000 live-opnamen, ôfkomstich út it argyf fan VJ en samler Fenno Werkman. Oanfragen mei it moaiste ferhaal komme yn ’e útstjoering.

Live meiprate
Sjoggers kinne ek wer live meidwaan. Fia de NPO 3-app kinne se harren nûmers oanfreegje, reagearje op ’e útstjoering, eftergrûnynformaasje fine en ekstra fideomateriaal besjen.

novimber 6, 2020 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.