De kust

novimber 17, 2020 15:23

Toeristyske tip

De kust, de râne fan it fêste lân by de mar of de see lâns. Yn dit gefal fansels yn Fryslân en wol by de dyk tusken Murns en Laaksum, mei oan de wetterside de Iselmar en oan de oare kant it lân fan it geweldich moaie Gaasterlân. Dat gebiet is it hiele jier troch tige nijsgjirrich foar kuierders, fytsers en oare toeristen. Yn de hjerst is it fansels wat rêstiger as simmerdeis.

Yn de tiid dat in soad aktivens dit jier hast stil leit troch de maatregels fanwegen koroana, is dêr te sjen hoe’t it ek kin, sûnder al te folle problemen. Ofrûne snein wiene wol sa’n twahûndert survers en benammen kite-survers yn en op it wetter dwaande. Machtich moai om te sjen. De striid tsjin de eleminten. Der wie in bêste wyn, sa’n 6 à 7 Beaufort, dat it wie in feestje foar dy sportivelingen. Fansels mear as oardel meter ôfstân faninoar ôf. Net allinnich op de weagen, mar ek by de tarieding op de dyk sels.

foto © Matthijs Verkuijl

Der binne ek noch stille plakjes oan dat stik dyk, bygelyks fierderop yn de rjochting fan Starum. Dêr leit in bysûnder haventsje en wol yn Laaksum. Wat drokte oanbelanget in grutte tsjinstelling mei it earstneamde barren. Ien lyts boatsje, de HL 6 (HL slacht op Hemelumer Oldeferd), leit dêr fan de bruorren Jan en Joop de Vries. De iennichste fiskerslju dy’t noch hieltijd op de mar fiskje.

foto © Matthijs Verkuijl

Foarhinne, lang lyn, wie it noch de Sudersee, mar letter troch de ôfsluting feroare it net allinnich fan sâlt yn swiet wetter, mar ek it soarte fisken dy’t dêr swimme feroare tige, bygelyks fan hjerring nei snoekbears. Yn 1912 wie it al in haventsje en de bruorren binne no de lêsten fan harren generaasje, dat it fiskjen út Laaksum wei stjert sa stadichoan út. Twa mooglikheden binne dêr om wat fisk te iten en te genietsjen fan it fantastyske útsjoch op de loft, it wetter en yn dizze tiid in inkeld boatsje.

Koartsein in prachtich moai stikje Fryslân mei foar elkenien wat ferdivedaasje.

Matthijs Verkuijl

novimber 17, 2020 15:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.