Damp waar

novimber 17, 2020 07:00

Kollum

Wy reitsje der al wat oan wend, by weagen wurdt ús wrâld lytser. Mei dy weagen doel ik fansels op koroana of COVID-19, dêr’t no elkenien it oer hat. Dat de wrâld lytser wurdt, jildt benammen foar âldere minsken en de saneamde dûbele risikogroepen. Dat dy wrâld ek op in oare wize lytser wurde kin, dêr moast ik oan tinke doe’t ik fan ’e wike/ferline wike yn de mist ûnderweis wie. It hjerstige waar kin soks dus ek fan gefolgen ha. Omrop Fryslân rôp de minsken op ’e dyk op om de ljochten yn dat dampe waar oan te dwaan. Yn dy earste lytser wurdende wrâld wurde digitale media hieltyd belangriker, yn de oare moatte de ljochten op. Dy ljochten helpe. Dat kinne we fan de digitale media net altyd sizze. Dêr kinne we hieltyd minder op betrouwe. Wy ha hieltyd faker te krijen mei digitale ynbrekkers. Jimme kinne it leauwe of net, mar krekt foar’t ik úteinsette mei dizze kollum, krige ik in app’ke mei as tekst: ‘Hey pap, dit is mijn tijdelijke nummer’ en efkes letter: ‘Ben je druk?’ De digitale ynbrekker siet fansels op myn reaksje te wachtsjen. Dy kaam net. It wie my wol dúdlik, as ien fan de bern my ‘paps’ neamt, dan doocht it net. Ik bin ‘heit’. Dat witte dy lju blykber net. It Frysk hat dus wat foar. As jimme it no ek mar net fierder fertelle.

foto © Aant Mulder

Werom nei it waar en dy lytse wrâld. Ik hie it oer mistich waar en de Omrop neamde datselde waar damp. Doe’t ik dat hearde, frege ik my ôf hokker wurd wy wannear brûke. It binne ommers beide Fryske wurden dy’t foar itselde waar brûkt wurde kinne. Tagelyk ha beide wurden ek oare betsjuttingen. Hoe sit dat krekt? Ik moat it wurdboek der mar efkes by ha.

By ‘mist’ yn it Frysk Wurdboek (F-N) sjoch ik dat mist gewoan mist bliuwt. Der steane in pear sinnen mei mist deryn by: Sa skier as de mist, Immen yn de mist stean litte, Yn ’e mist sile, Immen yn ’e mist fiere en Mist hat froast yn ’e kist. Yn gearstalde wurdsjes is it wurd mist ek hiel gewoan: mistbank, misthoarn, mistlampe, mistljocht. By it wurdsje ‘damp’ wurde damp en mist neamd. Yn ’t foarste plak giet it by damp om dingen dy’t krekt net hielendal drûch binne. In damp hûs bygelyks. Der stiet lykwols ek: It is sa damp. men kin gjin tsien meter foar jin út sjen. In tichte damp nimt alle sicht wei. It is dúdlik, it is gûl om goarre oft we no mist of damp brûke foar dy lytse wrâld.

Ik krij lykwols de yndruk dat we mist benammen brûke
as it om it beheinde sicht en damp as it om de fochtigens fan dat waar giet

As ik oarsom sykje yn it FW (N-F) smyt dat noch in pear dingen op. Dêr stiet by ‘mist’ damp en mist, mar ek in swiere mist en stodamp. In stodamp is damp dy’t op de wyn beweecht. Fierder giet it om it figuerlik brûken fan taal. It falt op dat it Hollânske wurdsje ‘mist’ hieltyd krekt wat oars oerset wurdt. ‘In de mist blijven’ wurdt omskreaun as: dizenich bliuwe. ‘De mist ingaan’ wurdt fan sein: net ta syn rjocht komme, mislearje. It Hollânske damp is yn ‘t Frysk ek gewoan damp.

Underwilens kaam it wurdsje ‘dize’ ek foarby: dize en dizenich. Dat betsjut: ‘nevel’ en ‘nevelig’. Dizenige moarnen jouwe moaie dagen, Hy is dizenich yn ’e holle. Immen dy’t dizenich bliuwt is net botte dúdlik. Wat mist en damp oanbelanget, kin ik mar ien konklúzje lûke: beide wurden kinne goed brûkt wurde. Ik krij lykwols de yndruk dat we mist benammen brûke as it om it beheinde sicht en damp as it om de fochtigens fan dat waar giet. It wurdsje damp yn ‘damp waar’ hat net folle stipe fan it Hollânsk, dêr’t mist foar master opslacht. It rekket suver wat yn ûnbrûk. Ik nim dêrom it wurdsje damp foar kar.

foto © Aant Mulder

Oer damp waar praat. Wy kenne allegearre wol it gefoel dat we yn dy lytse wrâld fan damp waar net mear krekt witte wêr’t we binne, dat strûken en beammen foarmen oannimme dêr’t bern wol bang fan wurde kinne. Fan en ta moat paad socht wurde. Wat dat oanbelanget bin ik de âldjiersjûn, eins âldjiersnacht, fan in pear jier ferlyn noch hieltyd net fergetten. Wy hiene der gjin erch yn dat it sa slim wurde soe. Wy hiene it âldjier by de bern yn Almere útsitten. Wy hiene bliuwe kinnen, mar wy woene werom. It like allegearre kreas te betearen. Tichteby De Lemmer feroare de wrâld. Wy koene hast gjin hân foar eagen mear sjen. Wy tochten dat it net slimmer koe. Dat hiene we ferkeard. Op de N359 om De Lemmer hinne kamen we terjochte yn fjoerwurkreek en damp dat ien tichte tekken waard. Ik stie sa goed as stil. Wy draaiden de ruten omleech om dochs wat sjen te kinnen. Wy hiene hâldfêst oan de wite streken op ‘e dyk, krekt foar en njonken de auto. Doe’t dy streken op in beskaat stuit ûntbrutsen, wiene we der suver ôf en wy net allinne. Wy setten troch, mar oft it ferantwurde wie? Wy ha doe yn alle gefallen oer de ôfstân De Lemmer-Balk like lang dien as oer de ôfstân Almere-De Lemmer. Wy sille dy oere midden yn ‘e nacht yn damp en fjoerwurkreek nea wer ferjitte. It hat makke dat we soks der net wer op weagje.

By damp waar komt my gauris in gedicht fan J.H. Brouwer yn ’t sin. It liket my aardich ta en einigje mei de earste strofe.

Kastanjes
In stille moarn en net it minst bewegen,
En net in stim dy’t troch de dize giet;
Allinne dript, út beammen lâns de wegen,
Yn ’t giele leaf it treasteleaze liet

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 14 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
novimber 17, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.