Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 44

novimber 1, 2020 07:00 Fernijd

Dei en nacht, altyd waarmte út de grûn

Kollum

It wie 2013 doe’t bougroep Dijkstra Draisma mei in ûndersyk begûn nei ierdwaarmte (geotermy) yn Ljouwert. Soe it mooglik wêze om op grutte djipte waarmte út de grûn te winnen foar de ferwaarming fan grutte gebouwen en wenningen? Wat die bliken? Om Ljouwert hinne binne de omstannichheden tige geunstich.

Wy binne ûnderwilens sân jier fierder en it soe in wûnder wêze as yn 2021 net definityf boarre wurde soe nei waarmte op grutte djipte. No’t Achmea en MCL as grutte ôfnimmers fan waarmte tekene hawwe en de SDE-subsydzje garandearre is, kin de boar de grûn yn. Ljouwerter wethâlder Bert Wassink fan duorsumheid stiet noch mar in healjier oan it roer, mar mocht fuort syn hantekening ûnder it kontrakt foar de oanlis fan dit waarmtenet sette.

Mylpeal
In mylpeal yn de rûte nei in fossylfrij Fryslân! Op tweintich lokaasjes yn Nederlân wurdt al warmte levere oan benammen túnboukassen. Yn twa gebieten wurdt it al foar gebouwen tapast. Relatyf nij yn ús lân dus, en al hielendal yn Fryslân. It grutte foardiel fan dizze waarmteboarne is dat der 24 oere deis, 365 dagen it jier enerzjy (waarmte) beskikber is. In grut ferskil mei sinne-enerzjy (tsien persint fan de tiid) en wynenerzjy (omtrint fjirtich persint fan de tiid). Noch in foardiel fan geotermy is dat der net folle romte nedich is foar in ynstallaasje. In perfekte oanfolling dus op sinne- en wynenerzjy.

Balâns
It waarme wetter op twa kilometer djipte hat in temperatuer fan ûngefear hundert graden. Dat wetter wurdt omheech pompt, de waarmte wurdt derút helle en dan giet it ôfkuolle werom yn deselde ierdlaach. Der wurdt netto dus gjin wetter oan de ierde ûntlutsen, allinne de waarmte út it wetter wurdt benut. Sa bliuwt de hoemannichte wetter yn de grûd yn balâns en binne der gjin ierdbevingen te ferwachtsjen.

Wa?
Energiebeheer Nederland, Shell, Dijkstra Draisma en Ennatuurlijk hawwe mei-inoar it oanlizzen en de eksploitaasje yn hannen. Achmea, ING, MCL en M7 Real Estate binne de earste klanten. Dêr is de basis mei lein foar it ôfnimmen fan warmte en kin mei it oanlizzen begûn wurde. De ferwachting is dat folle mear gebouwen oansletten wurde sille. Begjin 2021 sil de earste put boarre wurde. De tariedingen binne al begûn.
Wa’t nijsgjirrich is kin sjen op www.warmtevanleeuwarden.nl

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.Skjinnerlân

 

 

novimber 1, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.