Boartsjendewei in taal derby

novimber 18, 2020 15:34

Sintrum Frysktalige Berne-opfang SFBO, it kennissintrum foar meartaligens fan jonge bern, hat koartlyn it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ fan twa bernedeiferbliuwen foar trije jier ferlinge. Dy deiferbliuwen binne de Luchtballon yn Feanwâlden en Pjutte-opfang De Veenscheiding yn Ychtenbrêge.

Beide wurken al neffens it twatalich belied – yn Feanwâlden sûnt 2006 en yn Ychtenbrêge sûnt 2017 –, mar om de trije jier komt in fisitaasjekommisje op besite om fêst te stellen oft de oanpak fan de lieding noch op it fereaske nivo is. Dat wie yn beide plakken it gefal.

De kommisje hifket ûnder mear it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagoysk klimaat en it folgjen fan de ûntwikkeling fan de bern. Ta it taalbelied heart dat it Frysk en it Nederlânsk dúdlik útinoar holden wurde. Dêrom praat de iene liedster konsekwint Frysk en in oare konsekwint Nederlânsk. Ut de rapporten fan de fisitaasjekommisje docht bliken dat de kommisje yn beide tefreden wie.

novimber 18, 2020 15:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.