Boargemaster en konservator fertelle yn podcast oer Fryske Nassaus

novimber 8, 2020 08:57

Sûnt de hjerst set NBTC Holland Marketing foar syn ferhaalline Koninklijk Nederland in oantal powerfroulju fan eartiids yn de spotlight. Dat bart ûnder oare mei in rige podcasts dêr’t wiidweidich yn ferteld wurdt oer sterke, ynfloedrike en dreaune Nassaufroulju. De twadde edysje fokust him folslein op Ljouwert. Boargemaster Sybrand Buma en konservator fan Keramykmuseum Prinsessehôf Marlies Stoter fertelle ûnder oare hoe’t de skiednis fan Ljouwert foar ferbining soarget mei oare Nassaustêden, oer de ‘grande dame fan de achttjinde iuw’ Maria-Louise fan Hessen-Kassel, en it belang fan de Fryske Nassaus. Buma: “Om de skiednis fan Nederlân te kennen, moatte je ek kennis hawwe fan de Fryske Nassaus. As hja der net west hienen, dan wie der ek gjin Willem-Alexander.”

Maria Louise van Hessen-Kassel (Louie Volders 1709-1711), boarne: Frysk Museum

Stammem fan it keningshûs
Ien fan de wichtichste persoanen yn Ljouwert is Maria Louise fan Hessen-Kassel (1688-1765), frou fan Johan Willem Friso, Prins fan Oranje. Hja is de stammem fan it keningshûs, is oant twa kear ta regintes en yn har tiid groeit de ynfloed fan de Fryske Nassaus. Net allinne is hja in streekrjochte foarâlder fan kening Willem-Alexander, mar ek in soad oare keninklike famyljes yn Europa stamme fan har ôf, lykas keningin Elizabeth fan Ingelân, prins Albert fan Monako en keningin Margrethe fan Denemarken. Har wenpaleizen binne te besjen, want dêr binne tsjintwurdich in hotel (Stedhâlderlik Hôf) en in museum (Keramykmuseum Prinsessehôf) yn fêstige. Yn de podcast geane Buma en Stoter wiidweidich yn op sawol de histoarje as de bysûndere lokaasjes yn de stêd.

Eksposysje
It stedpaleis Prinsessehôf hat syn namme te tankjen oan de stammem fan ús hjoeddeiske keningshûs. In yntime eksposysje jout sûnt koart in blik achter de skermen fan har turbulinte libben. Oan de hân fan portretten, printen, tekeningen en in Oranjestambeam wurdt dúdlik dat Maria Louise krúsjaal west hat foar it behâld fan de Oranjedynasty. De eksposysje is in fêst ûnderdiel fan it museum, dat mei de Maria Louise- en de fernijde Eschereksposysje roftberens jout oan syn ynteressante skiednis. Der is ek in achttjinde-iuwske stylkeamer te sjen, ynrjochte as ytkeamer fan Maria Louise.

Sterk, dreaun en ynfloedryk
In soad Nassaufroulju hawwe yn de rin fan ’e iuwen op eigen wize ynfloed hân op de ûntwikkeling fan Nederlân. Soms wat mear op de achtergrûn, soms hiel oanwêzich. Bygelyks as earmoedbestrider. Troch it stimulearjen fan keunst en kultuer. As stammem fan in soad Europeeske foarstehuzen. Of as moade-influencer. De Koninklijke Verhaallijn fertelt dizze ferhalen oer de sterke, besiele en ynfloedrike froulju fan it Hûs fan Oranje.

Fiif stêden, ien ferhaal
It Hûs fan Oranje-Nassau en Nederlân binne ûnskiedber mei elkoar ferbûn. De leden fan dy famylje hawwe Nederlân forame. Elke stedhâlder, kening, keningin, prins of prinses hat him/har op syn/har manier ynset foar Nederlân. Op ferskate plakken yn ús lân hawwe hja harren spoaren achterlitten. Troch unike lokaasjes te besjen yn Breda, Ljouwert, Delft, Apeldoarn en Breda komme ferhalen ta libben, wêrûnder dy oer sterke Nassaufroulju. Sjoch foar mear ynformaasje op holland.com/koninklijknederland.

novimber 8, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.