Berneporno

novimber 28, 2020 09:28

Graach reagearje ik noch efkes op de reaksjes ûnder myn stik It ferskil tusken Mohammedcartoons en Swarte Pyt.

Boarne: https://en.wikipedia.org/wiki/Charlie_Hebdo#/media/File:Charliehebdo.jpg

Abe soe it leaver oer oare wichtiger saken hawwe en it ‘Fryske fielen’ breder lûke. Dat kin ik wol mei him lykfine. Mar op myn foarrige bydrage oer de grutte problemen fan dizze tiid is gjin inkele reaksje kaam: Alve fan koroana trochpripte myten.

En myn stik dêrfoar oer it belang fan skriftlik Frysk ha jo as iennichste op reagearre, Abe: Krante kin minsken Frysk prate litte.

Master Bylstra hat sjoen dat bern mei in donkere hûdskleur yn de sinteklazetiid útmakke wurde foar Swarte Pyt. Grif ha jo dat obstrewearre, Bylstra, mar datjinge dat jo in feit neame, is winliken anekdoatysk bewiismateriaal. Ik soe der wol ris in wittenskiplike stúdzje oer sjen wolle. Wurdt der bûten de sinteklazetiid dan ynienen minder narre? It soe my nij dwaan. Lykas Cor Jousma op it aljemint bringt, moat ôfweefd wurde mei it narjen sels. De basis fan in skelwurd fuortsensurearje sil gjin fertuten dwaan. De geast is kreatyf, al hielendal by narders. As Swarte Pyt skielk net mear bestiet, wurde donkere bern faaks foar brune beanne útmakke. En wat dan? De puolfruchten ôfskaffe?

Neist oare wichtiger saken, is dizze kwestje likegoed fan belang. Dêrom hie ik der earder ek al ris oer gear west: It ûnderlizzend lijen by de rebûlje om Swarte Pyt. Want yn hokfoar maatskippij wolle wy libje? Litte we elk yn syn/har wearde en elkoar gewurde mar bliuwe we ússels? Of passe we ús algeduerigen oan, oan alle gritsen fan roppers en razers? As we dat lêste dogge, komt der pas in ein oan as elkenien syn eigenheid kwyt is, want de iene misledige befolkingsgroep sil de oare jeie. Minsken ha ommers troch harren eigen bril altyd it grutste gelyk fan de wrâld. En it sear fan donkere minsken is net slimmer as bygelyks dat fan islamiten; dat wie myn punt.

Dêrom is it no al safier dat, wa’t Swarte Pyt útwiuwe wol, de Mohammedcartoons der logyskerwize efteroan stjoere moatte sil. De net-moslimlêzers fan dizze side dy’t tsjinstanners fan Swarte Pyt meistimme mar de petysje om it misledigjen fan de profeet strafber te stellen noch net tekene ha, wol ik yn dat ramt wol efkes helpe mei it ynlibjen: foar in moslim is in Mohammedcartoon like slim as foar jim berneporno. Mei jim eigen bern.

Nanne Hoekstra

novimber 28, 2020 09:28
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Sybren novimber 29, 11:02

    ‘It Nijs’ is bedoeld as ynternetkrante yn it Frysk. As oanfolling op wat de Omrop bringt en wat jo op de sosjale media sjogge. It soe net goed wêze dat hjir, lykas Abe eins útsteld, in foarm fan sels-sinsuer tapast wurdt en hjir allinnich mar oer it Frysk yn brede sin praat en skreaun wurde sil/kin. Dan sil It Nijs ek folle minder sjoggers/lêzers lûke, want minsken binne hjoed de dei ynteressearre yn álle ûnderwerpen.

    Lit ús dêrom gjin beheinings oan ússels oplizze en praat en skriuw oer alle ûnderwerpen yn de wrâld yn it Frysk. Fansels, gjin geweld ferhearlikje en gjin diskriminaasje, dêr mei wol it near op lein wurde. Mar ItNijs fungearret no as in prachtich platfoarm dêr’t oer alles praat wurde kin, in plûm foar de redaksje én alle reaksje-jouwers!

  2. Abe novimber 29, 15:02

    Ik leau dat Sybren net begrypt wat it probleem is. As it oer Fryske saken giet, dan kin ItNijs in ferskil meitsje. Dat komt sa, de minsken dy’t belutsen binne by Fryslân en it Frysk witte der faak it measte ek fan. Dat makket benijd nei harren stânpunten en fizys. Oars is it mei de saken fierder fuort. Mieningen dy’t der op dat punt ta dogge, lês ik leaver earne oars. Fan lju dy’t der ferstân fan hawwe. No meie fan my de Sybrens en de Feies harsels fan alles wiismeitsje, dat hinderet my neat. Mar ik hoech it net te lêzen. Mei sels-sinsuer hat myn krityk neat te krijen. Wol mei selskennis.

  3. Abe novimber 29, 15:32

    En der spilet by my ek in polityk beswier mei. Ik ha gjin ferlet fan it antymoslim hobbyïsme en it hingjen oan in swarte Pyt dat hjir mar hieltyd útsutele wurdt. Ik ha gjin ferlet fan it assosjearjen fan ‘myn’ Frysk en ‘myn’ Fryslân mei ideeën dêr’t ik alhiel net achterstean kin. Sterke opinys oer wrâld- of Nederlânsk nijs yn it Frysk bringe hat nochal wat mear fuotten yn ‘e ierde as dêr’t ItNijs him rekkenskip fan jout. Sa komt it op my oer teminsten. As hieltyd itselde, yn myn eagen nearzige, politike hoekje opsocht wurde moat: lit dan mar. As der gjin minsken oan it wurd komme dy’t bewiisd hawwe dat se mei kennis fan saken in stikje fierder sjen kinne (lykas Singelsma dat wiswier wol docht): lit dan mar. Ik ha gjin ferlet fan de hiele wrâld yn it Frysk. Teminsten, net salang’t yn myn eigen wrâld it Frysk op it punt fan ferdwinen stiet.

  4. Cor Jousma novimber 30, 13:10

    [Ik ha gjin ferlet fan it assosjearjen fan ‘myn’ Frysk en ‘myn’ Fryslân mei ideeën dêr’t ik alhiel net achterstean kin.]

    Der is gjin assosjaasje mei de twa begripen dy’tsto lokkigerwize tusken skrapkes setst. Wy brûke allinne deselde taal. Soks kin no ienris binnen it ramt fan frije mieningsutering.

    In pear jier ferlyn waard ik troch dy foar rasist fersliten. Dat triggere my om my noch wer op ‘e nij yn it Sinteklazemearke te ferdjipjen. Ommers grienlinks/pvda stimme en rasistysk wêze woe ik net kombinearje.

    Soks late ta trije skôgings. Earst as Te Gast/ynstjoerd yn ‘e Ljouwerter en fansels letter op It Nijs. Troch my te ferdjipjen – soest ek ris dwaan kinne – kaam ik by eintsjebeslút net op in reinbôge substitút mar binnen de Europeeske mytology ta in grize helper.

    Dêr haw ik hiel wat positive reaksjes op hân. Soks hyt gjin sangerjen of noch slimmer rasisme mar jin ferdjipje en bydrage oan in mooglike oplossing.

    Dus gjin lange halen gau thús…

  5. Erwin2.0 novimber 30, 13:14

    Prate oer Swarte Pyt hat gjin inkeld doel salang’t it heidendom der net yn behelle wurdt, oars hast gjin idee wêr’tst oer praatst.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.