Baudet listlûker-ôf by FvD út protest tsjin ‘trial by media’

novimber 23, 2020 19:21

Thierry Baudet docht in stapmannich tebek yn ‘e partij Forum voor Democratie. De politikus jout sawol it listlûkerskip as it foarsitterskip fan ‘e partij deroan, sa hat er moandei buorkundich makke.

Baudet is it net iens mei gâns partijpommeranten dy’t de jongereinôfdieling fan ‘e partij, de JFvD, opheffe wolle. Leden dêrfan hiene op ynternet ûnder oaren rare dingen oer Joaden sein en skeld mei kanker. Fierder liket it derop dat in kloklieder út ‘e ôfdieling set is.

Foar ferskate partijleden, wêrûnder Fries om utens Theo Hiddema, wie de berjochtjouwing dêroer reden om oan te stean op it opheffen fan ‘e JFvD. It omstriden JFvD-lid Freek Jansen soe neffens de pommeranten syn sânde plak op ‘e kieslist oerjaan moatte.

Baudet is it dêr net mei iens. Hy wiist derop dat it partijbestjoer besletten hat om in ûndersyk út te fieren nei wat der no krekt bard is. Hy wol dat de útkomst fan dat ûndersyk ôfwachte wurdt en seit: “We dreigen nu mensen al voor de bus te gooien, nog voordat we weten wat er is gebeurd. Ik kan mij niet verenigen met de situatie waarin trial by media de manier wordt waarop wij met mensen omgaan in deze partij.”

novimber 23, 2020 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.