Autentyk Frysk printeboek fan Paul van Dijk ferskynd by de Afûk

novimber 9, 2020 09:53

Nei lang wachtsjen is der by de Afûk wer in oarspronklik Frysk printeboek ferskynd, Omke Ule past op fan skriuwer Paul van Dijk. De haadpersoan yn it boek, Omke Ule, is oeral benaud foar en dêrom bliuwt er it leafst feilich thús. Op in dei moat er op syn neefke passe; dat wól wat fan de wrâld sjen wol. En sa komt Omke Ule der yn it ferhaal achter dat it goed is om ek ris nije dingen te probearjen. It boek is sûnt hjoed te krijen.

Paul van Dijk (boarne: Afûk)

Sa krekt foar Sinteklaas en de krystdagen is Omke Ule past op in moaie kadotip. Printeboeken binne altyd tige populêr en it is ek alwer in skoftke lyn dat der in oarspronklik Frysk printeboek ferskynd is. Van Dijk, dy’t in jier oan it ferhaal wurke hat, seit: “It is in waarm ferhaal mei in boadskip foar jong en âld: it kin in goed gefoel jaan om sa no en dan wat nijs te probearjen.” Van Dijk hat it ferhaal op rym skreaun en dêrnei sels de yllustraasjes ek makke. De kleurige platen binne makke mei gûasje, wetterferve en pastelkryt.

In fysike boekpresintaasje wie der net, mar it earste eksimplaar is wol op in bysûnder plak oan in bysûnder persoan oerlange. It earste eksimplaar hat Van Dijk nammentlik oerhandige oan syn soan Hidde yn Sybrandy’s Speelpark. De auteur hat dy lokaasje útsocht om’t de ûle yn syn ferhaal oeral benaud foar is, en hielendal foar it attraksjepark dêr’t syn neefke him mei hinnenimt.

Omke Ule past op is fan no ôf te keap yn de boekhannels, de Afûk-winkel en de websjop fan de Afûk.

Boekgegevens
Omke Ule past op | Tekst en yllustraasjes: Paul van Dijk | Utfiering: ynbûn | ISBN: 978 9493159471 | Ferkeappriis: € 14,50 | www.afuk.frl

novimber 9, 2020 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.