Aldersielen

novimber 1, 2020 07:00 Fernijd

Oertinking

Op Aldersielen – 2 novimber – wurde de ferstoarnen betocht. Wy tinke werom oan dy’t ús dierber wiene en steane stil by it gemis. Oarspronklik wie dat in roomske tradysje op de dei folgjend op Alderheljen. Foar alle minsken dy’t we misse, wurde gebeden útsprutsen en kearsen oanstutsen, wurdt muzyk makke, wijreek brând en oan meditaasje dien en op betinkingsplakken wurde blommen lein.

Rampen en tsjinspoed binne der troch de iuwen hinne. Goede tiden lyksa. Fakentiden steane we fol ûnwissichheid as kwetsbere minsken yn ’e wrâld. In laits, in trien, freugde en fertriet is as eb en floed: de brâning fan it libben. Kahlil Gibran*) skriuwt dêroer:

Guon sizze: ‘Freugde is grutter as smert’, en oaren: ‘Nee, de smert is grutter.’ Mar ik sis dy: se hearre altyd byinoar. Se komme tegearre, en as de iene mei dy oansit en yt, moatst betinke dat de oare yn dyn bêd slept.

By in ramp of pandemy ûntstiet der wat fan mienskiplike ferbûnens. De dea kin ûnferwachts – as in dief yn ’e nacht – oer ús allegearre komme. Troch Covid 19 wurde minsken har mear fan de tydlikheid fan it bestean bewust.

boarne: pixabay.com

Wy kinne, elkenien op syn eigen wize, al dan net keppele oan in religieuze tradysje, mei respekt ús dierberen en de slachtoffers fan ûnheil betinke. Lit ús kearsen oanstekke, dat de ljochtsjes it tsjuster ferdriuwe en wy de leafde foar harren dy’t fan ús hinnegien binne streame litte kinne.

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch en teolooch

*) Kahlil Gibran (1883-1931), dichter, filosoof, keunstskilder, skiuwer, De Profeet, Synthese, Rotterdam, 200949. Oarspronklik: The Prophet, Knopf New York, 1923.
novimber 1, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.