Abe Bonnemapriis foar jonge arsjitekten 2020
Resint ferskynd
Fan 15 desimber oant en mei 10 jannewaris 2021 binne alle ynstjoeringen foar de Abe Bonnemapriis foar jonge arsjitekten 2020 te sjen yn de ûntfangsthal fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Nominearre foar de priis binne de arsjitekten Lieke Göritzlehner, Ard Hoksbergen, Auguste van Oppen, Jasper Smits en Enzo Valerio. Snein 13 desimber wurdt de winner fan de priis fia in livestream út Museum De Lakenhal Leien wei bekendmakke.
Om ’e twa jier wurdt de Abe Bonnemapriis foar jonge arsjitekten útrikt oan in jonge talintfolle arsjitekt (ûnder de fjirtich jier). Yn ’e eksposysje dy’t fan tiisdei 15 desimber ôf te sjen is yn de ûntfangsthal fan it Frysk Museum, sjogge museumbesikers en foarbygongers alle ynstjoerde arsjitektuerprojekten foar de edysje fan 2020. Tagong ta de eksposysje is fergees.
Jan Nauta wûn mei syn Hûs oan ’e Mar yn Aldegea (Súdwest-Fryslân) de foarige edysje fan de priis foar jonge arsjitekten. Dit jier is er lid fan de sjuery mei foarsitter Josja van der Veer, Saskia Bak, Petra Brouwer, Ninke Happel en Michiel Riedijk.
Abe Bonnemapriis foar jonge arsjitekten
De Abe Bonnemapriis is in inisjatyf fan de yr. Abe Bonnema Stichting. Doel fan de priis is it fêstigjen fan omtinken op jonge talintfolle arsjitekten, dy’t in bydrage leverje oan fernijing fan de arsjitektuer. De winner ûntfangt in jildbedrach fan 20.000 euro. Fia de prestisjeuze priis wurdt it gedachtegoed fan de Fryske arsjitekt yr. Abe Bonnema (1926-2001) yn eare holden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje