Aant Mulder: Wy wolle net fersûpe

novimber 10, 2020 07:00

Kollum

Noch hûndert jier en dan ha we gjin feangrûnen mear, lies ik earne. Dat liket moai, mar dat is it net. Dan binne we aardich de djipte yn sakke mei alle skea en bedrigingen dy’t dêr wer by hearre en dan ha we aardich wat luchtfersmoarging en in stikje klimaatferoaring troch CO2-útstjit op ús gewisse. De minsken dy’t dan yn dy bedelte wenje, sjogge dan wol tsjin hiele hege diken oan. Op dit stuit wurdt der neitocht en diskusjearre oer hoe’t dat proses wat stadiger ferrinne kin. Dêr wurdt ek wol wat oan dien. Dat nimt net wei dat ûnder de bedriuwen troch it sakjen fan it fean trochgiet. It ferdwynt dus ier of let. Sa kinne we alles byinoar, as we neat dogge en as ik it goed begryp, om 2050 hinne in meter en yn 2100 sels twa meter ûnder NAP terjochte komme. Op dit stuit wurdt bepraat hokker gebieten en maatregels de foarkar ha om dat proses in bytsje op te kearen. Dat wa wit, falt it aanst wat ta. Mar sakje dogge we.

De Tsjonger by De Langelille. Foto © Aant Mulder

As we it oer de feangrûnen en it dus oer it feangreidegebiet ha, dan ha we it oer in grut part fan Fryslân. Dat hiele gebiet beslacht sa’n 85000 hektare. Dat is om ende by in fearn fan alle lân yn ús provinsje. As ik de kaartsjes besjoch, is it lestich om krekt oan te jaan om hokker streken it giet. Guon ha it oer it gebiet tusken Dokkum, Wolvegea en Warkum. Oaren ha it oer de Lege Midden. Rûchwei sein giet it om it lân tusken de klaai en de sângrûnen fan Gaasterlân yn it westen oan ‘e iene kant en de sângrûnen fan de Wâlden yn it easten fan ús provinsje oan de oare kant. Dat is yn alle gefallen sawat it feangreidegebiet dêr’t Provinsje en Wetterskip har op rjochtsje.

Dat is moai, mar men kin jin ôffreegje oft it net hiel oars moat. No giet de diskusje oer it wetterpeil en wêr’t dat wat heger kin of krekt oarsom wat leger moat. Wat soe der barre as we yn de Lege Midden of yn in grut part dêrfan it wetter hast like heech komme litte as it lân, freegje ik my ôf. Dan geane we grif werom nei âlde tiden. De tiid dat in grut part fan Fryslân boezem wie, de tiid fan sleatten en fearten, fan wetterlân, de tiid fan de blaugerslannen.

Sa’n gebiet mei tuorrebouten, barchjeblommen, pompeblêden, mei einen, merkels, hjerringsliners, mei bevers, otters, murden, sa’n gebiet mei lytse stikjes lân, mei farrende natuerbehearders en doarpkes middenmank it wetter sprekke grif ta te ferbylding fan de toeristen. Sa’n gebiet soe Nasjonaal Park wurde moatte. Wat dat oanbelanget soene we allegearre wol op de PvdA fan Asscher stimme kinne. Hy hat okkerwyks ommers op It Hearrenfean it ferkiezingsprogramma fan syn partij presintearre en dúdlik makke dat er sa’n Nasjonaal Park wol.

Ik stel my foar dat dat Park tusken Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean komt te lizzen, mei in pear útrinners.

No is sa’n park mear as allinne mar natuer. Der moatte ek minsken wenje en wurkje. Dat wurk hat dan grif te krijen mei behear en ûnderhâld fan it lânskip en mei de toeristen dy’t yn kloften delkomme. Dêr komt by dat dy toeristen dy’t foar dat natuergebiet komme fansels ek belangstelling ha foar de minsken dy’t dêre yn dy doarpkes wenje en wurkje, de autochtoane bodders. Dy bodders moatte werkenber wêze. Dat ik soe pleitsje wolle foar seilboksen, boerekilen en klompen. Sy moatte eins ek hast net te ferstean wêze, dat Frysk prate is in pree. Dan tink ik ynienen, dat ik net PvdA stimme moat, mar CDA. Dy wolle ommers it Frysk yn de grûnwet ha en keamerleden út de regio, ik soe hast sizze út de Nasjonale Parken.

Ik stel my foar dat dat Park tusken Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean komt te lizzen, mei in pear útrinners. Dat soe moai kinne, want dy plakken komme allegearre oan de Lelyline te lizzen as dy der komt. Dat is yn alle gefallen it spoar dat de opposysjepartijen wolle. Noch mear mooglikheden om te stimmen. Toeristen kinne dan moai nei dy stêden oan de râne fan dat Nasjonaal Park ta om dêrwei yn boaten ôf te setten nei de ynlânske doarpkes yn dat wetterlân. Tink oan Earnewâld, Grou, Terherne. Wy tinke dat dy Lelyline bedoeld is om ús yn ’e Rânestêd te krijen, of om dy minsken dêrwei safier te krijen dat se har hjir nei wenjen sette. Ik tink dat dy line mear kâns fan slagjen hat as sa toeristen yn net folle tiid en yn grutte kloften nei dat nije Nasjonale Park ta kinne. Dat kin samar in sukses wurde. Dêr binne foarbylden fan.

Tink oan Cinque Terre yn Italië. Dat binne fiif doarpen op in rychje bylâns de kust. Yn dy doarpen is it ferline aardich bewarre bleaun. Dy doarpen binne mei it spoar goed te berikken. De treinen ride mei faasje, steane koart stil en ride dan wer fierder. Hinne mei ’t spoar, werom mei de boat. Sa kinne yn heech tempo en op ien dei dy fiif doarpen besjoen wurde. En dat dogge toeristen, yn grutte kloften. Dus dy Lelyline soe goed fan pas komme. Yn heech tempo nei Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten oan de râne fan it Nasjonaal Park.

Nasjonaal Park ‘De Alde Feanen’. Foto © Aant Mulder

De Everglades yn Floarida is in oar foarbyld. It is in grut en sompich gebiet yn it suden fan Floarida, mei gers en wetter tusken eilannen mei boskgebieten. Dêr kinne allinne propellerboaten oer (en net troch) it wetter farre. Yn dat gebiet wenje in pear yndianegroepen, dy’t de romte krige ha om guon dingen as it giet om ûnderwiis, feiligens en rjocht sels te regeljen. Dat gebiet is hast like grut as Fryslân. Dat wêr ha we it oer. Ik soe sizze it hiele feangreidegebiet moat wol sa’n sompich Nasjonaal Park wurde kinne. Dan fersûpe we net, mar komme we om yn de toeristen. Dat is lykwols ek net in geweldich foarútsjoch.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 7 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
novimber 10, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.