Aant Mulder: Taalplan Frysk 2030

novimber 3, 2020 07:00

Kollum

Der binne yn de oktobermoanne in pear aardige dingen bard as it om Frysk ûnderwiis giet. Dat dy dingen genôch omtinken hân ha, kin ik net sizze. Dêrom dat ik it der dochs mar efkes oer ha wol. Der binne eins twa dingen. It iene, dat is it Taalplan Frysk 2030 en it oare it Kurrikulum Frysk. Yn beide rjochtingen binne yn dizze moanne in pear konkrete stappen set, no ja, konkreet op papier.

Dat Taalplan Frysk 2030 is bedoeld om it Frysk yn 2030 op alle basisskoallen en yn alle ûnderbouwen fan it fuortset ûnderwiis op in goed en tagelyk by de skoalle passend nivo te krijen. Dat Taalplan is yn 2016-2017 úteinset mei besiten oan al dy skoallen yn ús provinsje. Dat waard doe de 0-mjitting neamd. It gie derom om fêst te lizzen wat de skoallen op dat stuit oan it Frysk diene en wat se eins dwaan moatte soene. Foar dat lêste krigen se de tiid oan 2030 ta. Dêr kaam aardich wat krityk op. Skoallen krigen mear as tsien jier de tiid om te dwaan wat sûnt 1980 al dien wurde moat. It sil dúdlik wêze dat op in 0-mjitting in folgjende mjitting en mear mjittingen folgje moatte. Der wurdt, as ik it goed ha, om de fjouwer jier metten. It is no dus oan de 1-mjitting ta. It liket my ta dat dy noch net folle konsekwinsjes hat, mar de 2-mjitting oer fjouwer jier moat betsjutte dat skoallen ien profyl fierder binne. Dat wol.

Yn deselde tiid waard wurke oan in nij Kurrikulum Frysk. Dat wie in Fryske oangelegenheid. Foar alle oare fakken op de basisskoalle waard itselde dien, mar dan foar it hiele lân en dat wie dus in lanlike oangelegenheid. Dat Kurrikulum Frysk hat ferline jier skoften stillein, mar no koe it foarriedige einresultaat dochs op 20 oktober oan Provinsjale Steaten oanbean wurde. Dat Kurrikulum is, krekt as it Taalplan Frysk net sûnder krityk bleaun. Koart gearfette komt it derop del dat der no net allinne mear omtinken is foar it konkreet oanlearen fan it Frysk, mar ek foar Fryske kultuer en skiednis. Dat is fansels net ferkeard, mar dat meartaligens foarop set wurdt, dat is in oar ferhaal. Bliuwt der fan dat bytsje tiid foar Frysk sa wol genôch tiid oer om it goed te learen? Dêr bin ik net gerêst op.Tagelyk begryp ik dat yn de kommende tiid de leardoelen noch konkreter útwurke wurde moatte. Dat we sille it sjen.

Oan ’e iene kant wurdt sa dúdlik makke wêr’t skoallen
aansten oan foldwaan moatte en hoefolle tiid se dêr foar ha.
Oan ’e oare kant is no ek foar in grut part dúdlik
hoe’t it Frysk jûn wurde moat.

Wat wier is moat sein wurde. Oan ’e iene kant wurdt sa dúdlik makke wêr’t skoallen aansten oan foldwaan moatte en hoefolle tiid oft se dêrfoar ha. Oan ’e oare kant is no ek foar in grut part dúdlik hoe’t it Frysk jûn wurde moat. Taalplan Frysk-30 en Kurrikulum.frl. binne wat dat oanbelanget de boustiennen. No wurdt it tiid om spikers mei koppen te slaan. De skoallen moatte, as se dat noch net wiene, yn aksje komme. It is moai om te hearren dat de Provinsje ek sjocht dat der no yn dy rjochting wat barre moat. Oars wiene se net mei in fakatuere projektlieder Taalplan Frysk kommen. It giet yn earste ynstânsje om in projektlieder foar 24 oeren. Nei in jier wurdt de situaasje opnij besjoen. Men kin jin ôffreegje oft sa’n man of frou dat yn dy tiid oprêde kin, want der wurdt nochal wat fan him/har frege.

Dy projektlieder moat tafersjoch hâlde op it hâlden en dragen fan de skoallen as it om it Frysk giet en ynsette op in trochgeande line. Der moat ek omtinken foar it Frysk wêze yn de foarskoalske perioade en nei de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Tagelyk moat de projektlieder de noazen fan alle ynstânsjes en wurkgroepen dy’t wat mei Frysk ûnderwiis te krijen ha ien kant op sjen te krijen. Krij dat mar ris foarinoar. Dat sil neat net tafalle. It is wol nuver dat de man/frou fan alles kinne moat en fan alles dwaan moat, mar dat it Frysk allinne mar passyf behearske hoecht te wurden. Ferstean en lêze, dat is dus moai genôch. Yn teory sil it doge, mar apart is it wol!

Ik bin likegoed bliid dat it allegearre wat konkreter wurdt. De linen binne útset en no moat it barre. It is wol spitich dat net earder as yn 2030 alle bern de kâns ha om it Frysk goed yn ’e macht te krijen. Dat yn dy advertinsje tajûn wurdt dat it Fryske mêd bot fersnipele is en dat it tafersjoch net goed regele is, betsjut dus dat dêr ek wat oan dien wurde moat. Dat docht my tinken oan it Haachske, dêr’t de ferskillende ministearjes ek oer ferskillende dingen wat te sizzen ha. Soks avesearret net. Dat soarte fan trajekten opnij en oersichtliker ynrjochtsje, soe fertuten dwaan kinne.

No’t de bedoelingen goed binne en no’t it kâns fan slagjen hat dat de bern yn 2030 it Frysk goed yn ’e macht krije kinne, soe der ek wat dien wurde moatte foar de bern dy’t foar 2030 dy mooglikheden net of mar foar in part ha. Ik soe se in soarte fan in kadoke jaan wolle. Dy bern soene tusken 2021 en 2030 fergees oan simmerskoallen meidwaan kinne moatte, simmerskoallen mei in protte omtinken foar it Frysk. Ik kom dêrop om’t ik yn de LC lies en op Omrop Fryslân hearde dat de Ried fan de Fryske Beweging in brief oer dat ûnderwerp oan de Provinsje stjoerd hat. Mar dat wist ik fansels ek al. Fryske simmerskoallen, dat soe in opstekker wêze en dat soe it oare jier daliks al fertuten dwaan kinne.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 31 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

 

novimber 3, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.