Aant Mulder: In skoech en in kearske

novimber 24, 2020 07:00

Kollum

As ik de lêste moannen fan it jier ferlykje mei dyselde moannen yn myn jongesjierren, dan binne der mear ferskillen as oerienkomsten. It liket wol oft neat gelyk bliuwt. Ik bedoel dan benammen de feesten yn dy moannen. It moat allegearre moaier, grutter en djoerder. As we soks sels net betocht ha, dan hat de middenstân dat wol dien. It giet hieltyd faker om in hieltyd grutter ferskaat oan iten en drinken, gruttere kado’s. Dat jildt ek foar de feesten sels. Hieltyd gruttere organisaasjes sette hieltyd mear yn op mear minsken. Dêr liket fan ’t jier in lyts bytsje in omkear yn te kommen. No mei koroana kin it allegearre net folle mear lije. Wy moatte werom nei lytse mominten mei mar in pear minsken. Dat binne we net mear wend. En dochs hat it wol wat. Fan dy lytse mominten mei mar in pear minsken binne it skoechje of it skuontsje en it kearske suver de symboalen.

Foto © Aant Mulder

Ik wol mei in pear foarbylden dúdlik meitsje wat ik bedoel. Ik begjin mei Sint-Marten. Eartiids kamen de bern op eigen gelegenheid mei de lampion oan de doar om te sjongen en wat te krijen. No wurde gauris groepen regele of sels optochten organisearre. Op Sinteklaasjûn setten we de skoech op. De oare moarns koene we de kadokes opsykje. No wurde it grutte yntochten en hiele feestjûnen foar bern en grutte minsken. Krysttiid is in noch dúdliker ferhaal. By guon stiet de krystbeam al. De fersiering en ferljochting yn ’e hûs en bûtendoar bliuwe grif oan heal jannewaris ta hingjen. Mei âld en nij giet lt krekt allyk. It karbidsjitten mei in inkelde molkbus is foarby. No wurdt al massaal karbid kocht. Dat seit genôch. De fjurren yn de âldjiersnacht wurde ek alle jierren heger. It liket wol oft it fernielen fan auto’s en bushokjes yn ’t plak fan it âldjierstôgjen kommen is. Mei fjoerwurk kenne we gjin grinzen mear. As it net legaal kin, dan mar yllegaal. De wrâld moat ús sjen en hearre.

Twa symboalen ha wat my oanbelanget dy feroaringen treast west: de skoech en it kearske. De skoech as symboal fan it jaan en krijen fan lytse dingen; it kearske om inoar te sjen, omtinken foar de oar te hawwen. Ik kom dêr yn de kommende moanne grif noch wolris op werom. Ik wol it no fierder ha oer de skoech as symboal fan it jaan en krijen fan lytse dingen, dêr bliid mei wêze. We mochten doedestiden in pear kear opsette. Dat diene we op de jûn fan fiif desimber foar de lêste kear. Opsette, sjonge en op bêd. De oare moarns, seis desimber dus, wie de skoech fuort. Dy moasten we opsykje. We fûnen dan gjin snobbersguod lykas de eardere kearen, mar in pear echte kadokes. Prachtich. Wy wiene bliid mei de dingen dy’t we krigen. No giet it dus om feestlike jûnen mei sekfollen kado’s. Dêrtusken is it skoechje eins net mear werom te finen. It is der noch wol, mar dan yn de wiken foar Sinteklaas. De ienfâld is weiwurden yn de oerdiedigens fan dizze tiid. De skoech, de skuon, dat wiene eartiids ek klompen en learzens. Hawar, men moat wol stiif yn ’e skuon stean om net oan dy neamde feroaringen mei te dwaan.

De ienfâld is weiwurden yn de oerdiedigens fan dizze tiid.

Sokke siswizen mei ‘skuon’ binne der wol mear. Wy wolle yn dizze djoere tiden wol graach mei twa fuotten yn ien skoech. Dat betsjut dat wy graach twa dingen keapje en ien betelje. Dan wolle wy ús wol de soallen út de skuon rinne. Tagelyk tidigje we derop dat we nei de koroanatid de âlde skuon wer gewoan oanlûke kinne. Mar oft dat kin? Dat it wer wurdt sa’t it wie, dat kinne we grif wol ûnder de soallen fan ús skuon skriuwe. Der binne ek wol guon siswizen dy’t minder goed by dit ferhaal passe, mar dochs: Immen kin sa noflik wêze as in âld skoech, In bek ha as in opsnijde skoech. Samar wat foarbylden fan hoe’t we de wurdsjes skoech en skuon brûke kinne. Der binne folle mear mooglikheden, mar ik wol it noch efkes oer it wurd sels ha.

Foto © Aant Mulder

It is in wurd mei in ûnregelmjittich meartal. In skoech wurdt yn it meartal skuon. Der binne twa mooglikheden om dêr in ferlytsingswurd fan te meitsjen. De meast logyske is fansels dat we fan skoech in skoechje meitsje, mar we ha it ek wol oer skuon-skuontsje en skuontsjes. Fan skuontsjes wurde dan wol wer skuonnen makke. Dat neame we yn de Súdwesthoeke fansels skunnen. Beide ferlytsingsfoarmen steane yn it wurdboek en binne dus goed. Sokke ûnregelmjittige meartallen skoech-skuon komme wol faker foar. Tink mar oan ko-kij en goes-guozzen of oars mar oan: bern en skiep. Ik neamde klompen, learzens en skuon om op te setten. Learzens hat ek in nijsgjirrich meartal. Dat hat eins twa kear in meartal krige: learzen waard learzens. Sa is it ek mei redens gien. In reed waard reden en dat waarden redens. Dat jildt ek foar: wolken en wolkens, treppen en treppens. Yn guon gefallen feroaret dan de betsjutting ek noch. Tink oan reden en redens.

Werom nei de skuon. Opsette, dat dogge de bern noch altyd. Nei’t Sinteklaas oankommen is en foar fiif desimber meie de bern ornaris in pear kear opsette. Dan krije se al lytse en inkeldris grutte kado’s. Op 5 desimber sette se net mear op. Dan komme de Sinten en piten sels del om sekfollen kado’s del te setten of de yndruk te wekken dat se dat dien ha. Ik bin eins wol benijd om te sjen hoe’t it fan ’t jier komt. Sa’t it no stiet meie der bûten de eigen húshâlding om mar trije grutten mei bern ûnder de tolve delkomme. Dat betsjut lytse groepen. Wa wit komt dat dy lytsere mominten wer te’n goede.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 21 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
novimber 24, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.