Ynformaasje Nederlânske oerheid doocht net: wy meie wol sûnder test of karantêne nei East-Fryslân ta

oktober 8, 2020 16:09

Neffens it Nederlânske Ministearje fan útlânske saken meie ynwenners fan Fryslân net langer samar nei Dútslân ta. Op it webstee fan it ministearje stiet:

“Als u uit de Nederlandse provincies Noord-Holland, Zuid-Holland, Utrecht, Groningen, Friesland, Drenthe, Overijssel, Gelderland, Flevoland, Limburg en Noord-Brabant, of uit Curaçao komt, moet u bij inreis in Duitsland een negatieve COVID-19 test tonen die niet langer dan 48 uur eerder is afgenomen. Dit geldt niet als u uit de provincie Zeeland komt. Het testresultaat moet altijd vergezeld gaan van een doktersattest en in het Duits of Engels zijn. Als u de negatieve test niet kunt overleggen moet u zich bij aankomst in Duitsland preventief laten testen. Dan wordt gevraagd om daarna 14 dagen in zelfquarantaine te gaan.”

Neffens it ministearje is der wol in útsûndering foar de dielsteat Noardryn-Westfalen, mar der wurdt der net rept fan Nedersaksen, de dielsteat dy’t tsjin Grinslân oan leit.

Dat soe ynhâlde dat men út Westerlauwersk Fryslân en Grinslân net mear nei East-Fryslân ta mei. Ynternetkrante NordNews hat útsocht oft dat wier sa is en it blykt net wier te wêzen. Neffens de oerheid fan de dielsteat Nedersaksen, dêr’t East-Fryslân ûnder falt, bliuwt saneamd “lyts grinsferkear” gewoan tastien. Dat wol sizze dat minsken út alle Nederlânske provinsjes gewoan yn Nedersaksen tenke en winkelje meie, sûnder dat hja in test ûndergean of yn karantêne gean moatte. Wa’t minder as 24 oeren yn Dútslân ferbliuwt, is dêrfan frijsteld. Wol jildt it betingst dat men gjin symptomen ha mei dy’t wize kinne op koroana, lykas pinekiel, nearboarstigens of kochelderij.

Media dy’t te seil gien binne op ‘e ynformaasje fan ‘e Nederlânske oerheid, binne ek mis yn harren ferslachjouwing. Sjoch bygelyks it Dagblad van het Noorden: link.

De ynformaasje fan ‘e dielsteat Nedersaksen is hjir te finen: link.

oktober 8, 2020 16:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.