Wykoersjoch koroansifers Fryslân 25 septimber oant en mei 1 oktober 2020

oktober 4, 2020 09:05

Tal besmettingen stiicht hurd troch; testkapasiteit fierder omheech

boarne ôfbylding: pixabay. com

Foar de tredde wike efterinoar is it tal koroanabesmettingen yn Fryslân dat der wykliks by komt mear as it dûbele. De ôfrûne wike telde 513 positive testen tsjin 209 de wyks dêrfoar; 231 gefallen yn de gemeente Ljouwert. Sawat de helte fan de besmettingen yn Fryslân waard oantoand by jongelju fan 18 oant en mei 29 jier. De testkapasiteit fan GGD Fryslân is fierder ferhege.

Omdat it risikonivo yn Fryslân nuodliker wurdt, bliuwt de GGD alert om ekstra yngrepen oan te rieden as dy helpe kinne om fersprieding fan koroana foar te kommen. Yn thússituaasjes wurdt it firus it faakst oerdroegen. Dêrom binne lanlik sûnt tiisdei maksimaal trije gasten tagelyk wolkom

Troch it ferheegjen fan de kapasiteit by de laboratoaria is ôfrûne wike in rekôroantal fan 7087 minsken test, tsjin de wyks dêrfoar 5490. De kapasiteit stiet no op 1100 deis (wie 1000) en sil, nei ôfspraken mei de laboratoaria, stap foar stap oprinne nei 1600 deis op moandei 12 oktober. Der komme trije testlokaasje by.

Yn in stik of tsien soarchynstellingen is it firus by in inkelde bewenner oantroffen, dy’t dat nei alle gedachten skipe hie troch kontakt mei ien fan bûten it tehûs. It late yn de measte gefallen net ta fierdere fersprieding. Yn hiel Fryslân waarden 25 santichplussers posityf befûn. Op in tsiental skoallen wie in besmette learling, mar fierdere fersprieding kaam dêr hast net foar.

Seis posityf teste minsken waarden yn it sikehûs opnommen. Der binne gjin oan koroana feroarsake stjergefallen bekend.

Gemeenten
Op Skiermûntseach nei binne yn alle gemeenten yn Fryslân minsken besmet. Nei Ljouwert mei syn 231 gefallen, benammen studinten, wiene de útsjitters Súdwest-Fryslân mei 54 en De Fryske Marren mei 36. Fierder: Tytsjerksteradiel en Waadhoeke beide 24, Noardeast-Fryslân 23, It Hearrenfean 22, Weststellingwerf 20, Dantumadiel en Opsterlân beide 16, Smellingerlân 13, Achtkarspelen 12, Eaststellingwerf 9 en Harns 4. Op Flylân (3) en Amelân (2) waarden foar it earst besmettingen waarnommen.

oktober 4, 2020 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.