Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 9 oant en mei 16 oktober 2020 

oktober 17, 2020 09:35

It tanimmen fan it tal koroanabesmettingen yn Fryslân giet mar troch: ôfrûne wike 1158, folle mear as it rekôr fan 665 fan de wike dêrfoar. Yn sân gemeenten gie it om twa of sels trije kear safolle as de foarige wike. Nei ferhâlding reitsje mear âldere minsken besmet.

Yn absolute oantallen hat GGD Fryslân de measte besmettingen fan 9 oktober oant 16 oktober fêststeld yn de gemeenten Ljouwert (303), Súdwest-Fryslân (182), Smellingerlân (99), It Hearrenfean (83) en Waadhoeke (75). Yn persinten  is de stiging it grutst op Skylge en yn Harns en Eaststellingwerf.
Der rekken mear minsken besmet yn de kwetsbere groep boppe de sechstich jier. Under it jongfolk fan 18 oant 30 jier sakket it wat: yn Ljouwert fan 31 nei 25 persint. De GGD krige de melding fan twa besmette persoanen dy’t stoarn binne, tsjin de foarige wike ien. Tsien minsken moasten yn it sikehûs opnommen wurde, tsjin de wyks dêrfoar fiif.

Mear boarne- en kontaktûndersyk
GGD Fryslân nimt noch hieltyd nije meiwurkers oan om it boarne- en kontaktûndersyk út te wreidzjen. Minsken posityf test binne wurde ek yn de jûnsoere wol opbelle. Der wurdt oan wurke om minsken flugger yn te ljochtsjen dat se besmet binne.

De GGD kin deis oant 400 besmette persoanen ymljochtsje. Dy lju krije ek in mail – mei it twingende karantêne-advys fan 10 dagen – dy’t se trochstjoere moatte nei elkenien dêr’t se yn de besmetlike perioade nau kontakt mei hân hawwe. De GGD docht dat net mear sels, mar de ynformaasje bliut gelyk. Troch de nije oanpak is der folle minder sicht op de besmettingsboarnen. As it tal nije besmettingen tebekrint krije de meiwurkers wer tiid om de kwetsbere kontakten te beljen. De nije wurkwize jildt foarearst foar twa wike.

KoroanaMelder yn Fryslân
De KoroanaMelder-app is yn Fryslân ek aktyf. De earste besmette persoanen hawwe fan de GGD in koade krige dy’t se yn de app ynfiere. As ien ûngefear in kertier by sokek minsken yn ’e buert west hat, wurdt er troch de app anonym warskôge. De melder is in oanfolling op de maatregels om it fersprieden fan it firus te beheinen.

Testen ôfrûne wike
Ofrûne wike binne 9368 testen ôfnommen, 242 mear as in wike earder. Nettsjinsteande dat wie wachttiid in stik koarter. De measte minsken koene deselde of de deis dêrnei tekst wurde.

Sifers gemeentegewiis
Yn totaal is no by 3507 ynwenners fan Fryslân it koroanafirus oantroffen. Hjirûnder it oantal nije besmettingen fan ôfrûne wike mei tusken heakjes it tal fan de foarige wike.

Ljouwert 303 (219), Súdwest-Fryslân 182 (78), De Fryske Marren 92 (47), Smellingerlân 99 (34), It Hearrenfean 83 (45), Waadhoeke 75 (46), Achtkarspelen 58 (22), Eaststellingwerf 43 (14), Tytsjerksteradiel 53 (44), Noardeast-Fryslân 33 (27), Opsterlând 30 (23), Weststellingwerf 28 (15), Dantumadiel 23 (23), Harns 22 (7), Skylge 22 (5), It Amelân 8 (12) en Flylân 4 (4).

 

 

oktober 17, 2020 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.