Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 23 oant en mei 29 oktober 2020

oktober 31, 2020 13:14

Foar de twadde wike efterinoar is it tal koroanabesmettingen yn Fryslân sakke. Dêr stiet foaroer dat it persintaazje besmettingen ûnder de âlderein en yn fersoargins- en ferpleechhuzen oprint. GGD Fryslân is dêrom net al te gau optimistysk oer de sakjende line. Der waard folle minder om testen frege.

Der waarden 925 besmettingen fêssteld tsjin 1051 de wyks dêrfoar en 1158 yn de wike dêrfoar, mar it is noch te betiid dêr definitive konklúzjes út te lûken.

Fan de besmette persoanen wie sawat 25% sechstich jier en âlder. Dat persintaazje gie de lêste wiken stadichoan omheech. Yn fersoargings- en ferpleechhuzen giet it mei it tal besmettigen fan bewenners of meiwurkers krekt sa. Dêr sit de GGD wol oer yn. Jongelju wurdt mei klam frege om bewust om te gean mei besite oan âlden en paken en beppen: Gean allinne ast dy goed fielst en hâld dan genôch ôfstân.

Dizze wike binne njoggen minsken oan koroana stoarn, de wike dêrfoar fjouwer. It offisjele stjertesifer yn ferbân mei koroana stiet no op 85. Mar twa minsken moasten opnommen wurde.

Gemeentegewiis
Súdwest-Fryslân bliuwt de gemeente mei de measte besmettingen: 175, al wie dat minder as de foarige wike (214). Yn sân gemeenten gie it tal nije besmettingen omheech, yn twa bleau it gelyk en yn de njoggen oare gemeenten sakke it.

Nije besmettingen mei tusken heakjes it tal fan foarige wike: Súdwest-Fryslân 175 (214), Ljouwert 157 (198), Smellingerlân 87 (79), De Fryske Marren 82 (104), Waadhoeke 69 (87), Weststellingwerf 65 (51), Noardeast-Fryslân 55 (46), Eaststellingwerf 49 (39), It Hearrenfean 44 (58), Tytsjerksteradiel 34 (35), Achtkarspelen 30 (30),Opsterlân 24 (51), Harns 18 (18), Dantumadiel 17 (11), Skylge 10 (16), It Amelân 5 (10), Flylân 2 (3) en Skiermûntseach 2 (1).

oktober 31, 2020 13:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.