Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 2 oant en mei 8 oktober 2020

oktober 11, 2020 08:52

Opnij is it tal koroanabesmettingen in Fryslân fiks omheech gien: 665 tsjin 513 de wyks dêrfoar. Hoewol’t it om in rekôr gie, wie it foar it earst nei trije wike gjin ferdûbeling.  Der binne 9126 testen dien, goed 2000 mear as de foarige wike. 

It persintaazje besmette jongelju wie dizze wike leger as yn de wiken dêrfoar. Yn de kwetsbere groep boppe de 70 jier wie it tal besmettingen ferdûbele: fan 25 nei sa’n 50. Ut sport- en oare ferieningen binne der amper besmettingen by kommen. Foar it earst sûnt begjin juny is der ien dy’t besmet wie stoarn. Fiif binne yn it sikehûs opnommen.

Boarne- en kontaktûndersyk
Dat de sifers sa bot omheech geane, makket dat GGD Fryslân him by it boarne- en kontaktûndersyk op kwetsbere groepen konsintrearret. Nettsjinsteande it grutte tal besmettingen slagget it noch om mei elkenien dy’t besmet is te praten. Der wurdt benammen ûndersocht oft sokken yn kontakt west hawwe mei ferpleech- en fersoargingshuzen of mei de thússoarch. Is dat it gefal, dan wurdt fierder yn dy rjochting ûndersocht om fersprieding fan it firus ûnder kwetsberen tsjin te gean. As dy relaasje net te lizzen is, kriget de besmette persoan ynstruksje hoe’t er syn nauwe kontakten ynljochtsje kin dat foar harren it karantêne-advys fan tsien dagen jildt.

As de GGD mear earmslach kriget – troch mear ûndersiker of troch minder besmettingen – kin by persoanen bûten de soarch wer mear ûndersyk dien wurde.

Hjerstfakânsje
De hjerstfakânsje bringt dit jier beheiningen mei. Wa’t nei it bûtenlân wol, kin al gau mei spesjale rjochtlinen te meitsjen krije. Ynformaasje stiet op www.nederlandwereldwijd.nl.
Yn it eigen lân moatte de hjir jildende rjochtlinen yn acht nommen wurde. Oars as yn de maaie- en simmerfakânsje dûkt it firus no oeral op.

Koroanamelder
Sûnt sneon is de app koroanamelder yn gebrûk. Minsken dy’t dy app brûke en yn ’e burd west hawwe fan ien dy’t dêrnei posityf test is, krije in berjochtsje mei it fersyk om tsien dagen yn karantêne te gean. Dat kin de fersprieding fan it firus beheine.

Sifers
Yn totaal is no by 2349 ynwenners fan Fryslân it firus oantroffen. Yn de gemeente Ljouwert is it tal minsken dy’t it firus by har hawwe mei 219 tanommen, 12 minder as de wike dêrfoar. Súdwest-Fryslân hie 78 nije gefallen tsjin 54 de wike dêrfoar. De Fryske Marren 47, Waadhoeke 46, It Hearrenfean 45, Tytsjerksteradiel 44, Smellingerlân 34, Noardeast-Fryslân 27, Dantumadiel en Opsterlân beide 23, Achtkarspelen 22, Weststellingwerf 15, Eaststellingwerf 14, It Amelân 12, Harns 7, Skylge 5 en Flylân 4.

oktober 11, 2020 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.