Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 16 oant en mei 22 oktober 2020

oktober 24, 2020 10:05

Boarne: pixabay.com

It tal koroanabesmettingen is yn Fryslân dizze wike foar it earst sûnt begjin septimber sakke ferlike mei in wike earder: 1051 tsjin 1158 fan ferline wike. It soe kinne dat de nije maatregels effekt hawwe. In goed berjocht is ek dat wa’t klachten hat en him foar in test meldt binnen in etmiel op ien fan de testlokaasjes terjochte kin.

By de GGD is bekend dar fjouwer minsken stoarn binne dy’t besmet wiene. Safolle yn ien wike wie sûnt april net foarkommen. Mei-inoar binne yn Fryslân offisjeel 76 minsken mei koroana stoarn; sân sûnt fan ’e simmer. Fan ’e wike binne fjirtjin minsken yn it sikehûs opnommen, it heechste tal yn in wike sûnt ein maart.

De measte besmettingen binne dizze wike yn Súdwest-Fryslân (214) fêststeld, foar it earst yn tiden mear as yn de gemeente Ljouwert (198). Yn acht fan de achttjin is it tal besmettingen noch omheech gien, yn ferhâlding it heechst yn De Fryske Marren, Waadhoeke, Weststellingwerf en Opsterlân. Yn Weststellingwerf gie it hast om in ferdûbeling. Yn gemeente It Hearrenfean gie in stik nei ûnderen. Op Skiermûntseach wie foar earst in besmetting.

It liket yn Fryslân op it stuit better as op de lanlike skaal. It RIVM tinkt dat de nasjonale totalen yn in wike noch wol oprinne sille, mar net sa slim as earder. Seelân hat de leechste besmettingssifers fan it lân.

Dochs nuodlik
Mei de oantallen fan no is normaal boarne- en kontaktûndersyk noch net mooglik. Dêrom bliuwt it fan belang dat de maatregels neilibbe wurde. It testen kin no gauwer. Der is hast gjin wachttiid mear. Wa’t him meldt kin binnen 24 oere terjochte op de testlokaasjes Drachten, Ljouwert of Drylts.

Fan ’e wike waard in rekôrtal fan 10.117 testen ôfnommen, 749 mear as ferline wike. Takomme woansdei giet lokaasje Kollum iepen. GGD Fryslân wol meikoarten in fiifde lokaasje iepenje, op It Hearrenfean of omkriten.

Sifers gemeentegewiis
By 4558 ynwenners fan Fryslân is no it koroanafirus oantroffen. De nije tallen yn de gemeenten steane hjirûnder, mei tusken heakjes de getallen fan de foarige wike.

Súdwest-Fryslân 214 (182), Ljouwert 198 (303), De Fryske Marren 104 (92), Waadhoeke 87 (75), Smellingerlân 79 (99), It Hearrenfean 58 (83), Opsterlân 51 (30), Weststellingwerf 51 (28), Noardeast-Fryslân 46 (33), Eaststellingwerf 39 (43), Tytsjerksteradiel 35 (53), Achtkarspelen 30 (58), Harns 18 (22), Skylge 16 (22), Dantumadiel 11 (23), It Amelân 10 (8), Flylân 3 (4) en Skiermûntseach 1 (0).

oktober 24, 2020 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.