Wurklist Fiedsel en Sûnens 2021

oktober 30, 2020 10:47

Foto © Provinsje Fryslân

Om mear ynwenners fan Fryslân sûner ite en libje te litten, lit it provinsjebestjoer op it stuit in fyzje en oanpak ûntwikkelje. Der besteane al alderhande inisjativen en projekten dy’t har mei dat tema dwaande hâlde. Wurklist 2021 moat yn in effisjinte gearwurking dêrfan foarsjen. 

Der is in ‘Friese Voedselbeweging’, in manifest ‘Sûn iten fan sûne grûn’ fan de Fryske Boargertop, der wurdt wurke oan Fryske Bloeisônen, der binne inisjativen foar skoal-, doarps- en wyktunen. Oer de hûndert skoallen binne ‘Gezonde School’ wurden. Der binne aktiviteiten yn it ramt fan ‘Jong Leren Eten’ en ‘Dutch Cuisine’. Dy beide inisjativen sette har yn foar mear bekendheid mei sûn iten en it belang fan in sûne ierde. Mei stipe oan de World Food Week, Streekweek, Soil Food Week en Festival B joech de provinsje de ôfrûne jierren omtinken oan de Fiedseltransysje.

Yn oparbeidzjen mei de gemeenten wurket de provinsje no oan in fyzje en oanpak om minsken sûner ite en libje te litten. It buro Vroom’s Communicatie yn Ljouwert hat de opdracht krige om mei ferskate partners en netwurken in Gearwurkingswurklist Fiedsel en Sûnens 2021 te meitsjen. Dy sil bestean út in oersjoch fan besteande inisjativen, plannen en in wurklist foar 2021, oanbefellings foar de takomst en kânsen foar Fiedsel & Sûnens foar ynwenners en ûndernimmers.

Mei de wurklist wol de provinsje:
– ekstra omtinken freegje foar fiedsel yn relaasje ta sûnens;
– besteande inisjativen foar fiedsel en sûnens better sichtber meitsje;
– de ferskate inisjativen better gearwurkje en inoar fersterkje litte;
– doelmjittich mei de subsydzjes dêrfoar omgean.

De wurklist sil yn de maitiid fan 2021 presintearre wurde.

oktober 30, 2020 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.