Winners Grutte Pierskriuwkriich buorkundich makke

oktober 25, 2020 21:56

Stânbyld fan Grutte Pier yn Kimswert. Foto: Wikipedia/Nijeholt – CC BY-SA 3.0

Op 28 oktober is it 500 jier lyn dat Grutte Pier ferstoar. De folksheld út Kimswert is bekend om syn ‘Bûter brea en griene tsiis’, syn ûnbidich grut swurd en syn mânsk stal. Twa Kimswerter ûndernimsters hawwe in skriuwwedstriid oer Grutte Pier útskreaun. De priis is foar Lucy Neetens, de de preemje is foar Youvan Bergsma.

Lucy Neetens komt út it West-Fryske Hoarn en skreau it Nederlânsktalige ferhaal ‘Hemelvaartsdag’ oer in deade Grutte Pier yn ‘e himel. It is in boartlik ferhaal en it stelt etyske fragen. Frou Neetens hat faker ferhalen skreaun en ek wol prizen wûn. Se wint in tegeltablo besteande út 28 tegels fan Pier, makke troch Sjoukje Tijssen fan FRIEStile te Kimswert.

Lês hjir it winnende ferhaal.

Youvan Bergsma skreau it ferhaal ‘De nije frijheid’, dêr’t se klisjees yn ôfbrekt en Grutte Pier ferbynt mei de aktualiteit. “Ik bin der hiel bliid mei. Wat in ferrassing”, sei se. Se skriuwt wol faker, mar dan benammen ferskes. Frou Bergsma wint in oernachting yn Hotel Grutte Pier yn Kimswert foar twa persoanen.

Lês hjir it ferhaal dat de twadde priis wûn.

De winners binne buorkundich makke yn it radioprogramma Buro de Vries. Der wiene 52 ferhalen ynstjoerd. De sjuery fan de skriuwwedstriid bestie út Willem Schoorstra en Meindert Bylsma.

Lês hjir it sjueryrapport.

Boarne: Omrop Fryslân

oktober 25, 2020 21:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.