Wichtige Britske priis foar Theunis Piersma

oktober 10, 2020 22:24

Theunis Piersma (foto: Petra de Goeij)

Theunis Piersma hat de Goldman Salvinpriis wûn. De biolooch en heechlearaar fan Gaast krijt de priis fanwegen syn wichtige bydragen oan de ornitology, de wittenskiplike stúdzje fan fûgels.

De Britske Ornitologyske Uny, dy’t de priis útrikt, priizget foaral Piersma syn bydragen oan ûndersyk nei waadfûgels. Neffens de sjuery is Piersma dejinge mei de measte kennis oer trekfûgels. Piersma syn wurk om de wittenskip op kreative wizen te presintearjen oan in grutter publyk wurdt ek op priis steld. Syn ynfloed yn de wittenskiplike wrâld komt foar in wichtich part troch syn net ôflittende entûsjasme, seit de sjuery.

Piersma hat troch de jierren mear as fiifhûndert wittenskiplike artikels en fjirtjin boeken publisearre.

Boarne: Omrop Fryslân

 

oktober 10, 2020 22:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.