Werprintinge ‘Bartele Bûse’ fan Berber van der Geest

oktober 8, 2020 08:57

Bartele Bûse ferskynde foar it earst yn 1988 en is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019) en yllustrearre troch Laura Tietjens.

Ofbylding: Laura Tietjens/Bornmeer

Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skilderet Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rôvers op Fiifrôvershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei sân pear earen…

Berber van der Geest (Ljouwert, 19 febrewaris 1938 – Boalsert, 28 maaie 2019) wie beukerjuf/ûnderwizeresse op in skoalle yn Ljouwert, en dichteresse, toanielskriuwster en skriuwster fan ûnder mear berneboeken en lietteksten. Neist har wurk studearre se troch en helle se akten foar tekenjen en Frysk. Van der Geest hat ferskate prizen wûn, ûnder mear de Rely Jorritsmapriis, de Simke Kloostermanpriis en de earste priis fan de Berneboekesjuery, in priis dy’t har takend waard troch Fryske skoalbern.

Ynspiraasje foar har berneboeken fûn Berber van der Geest foaral yn de klas, yn it kontakt mei de bern, foar har ‘it moaiste stik minske dat der is’. Se kreëarre yn har boeken in wrâld dêr’t plak is foar bern om bern te wêzen en dêr’t romte is foar har fantasy.

Laura Tietjens is keunstner en wennet yn Barcelona, Spanje. Se hat ferskate groeps- en soloútstallingen hân yn de wrald. Tietjens yllustrearre sa’n 60 berneboeken yn de Fryske, Nederlânske en Turkse taal. Dêrfan is Bartele Bûse ien fan har favoriten.

Berber van der Geest – Bartele Bûse
Utjouwerij Bornmeer | ISBN 978 90 5615 675 6 | hardcover | 120 siden | € 15,00
Te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

oktober 8, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.