Wer in ûnthalzing mei “Allahû akbar!” yn Frankryk

oktober 29, 2020 12:11

Yn in tsjerke yn de Súd-Frânske stêd Nice hat in man de holle fan in frommeske ôfsnien. De man hat noch twa oare minsken mei in mes deastutsen: ien yn de tsjerke en ien yn in kafee neist de tsjerke, dêr’t se hinne flechte wie. It is net bekend oft der noch mear slachtoffers binne.

It plak fan it misdriuw is de Notre Dame yn it sintrum fan ‘e stêd. In wurdfierder fan ‘e tsjerke seit dat dy fan ‘t wike al warskôge is foar in oanslach, mar dat net ien rekkene hie op wat no bard is. De plysje hat de moardner arrestearre. Hy is dêrby ferwûne rekke. By syn arrestaasje rôp er ferskate kearen de islamityske gjalp “Allahû akbar!”

It is de twadde kear yn in koart skoftsje tiid dat in ekstremistyske moslim yn Frankryk ien ûnthalzet. Op 16 oktober waard yn Conflans-Sainte-Honorine de skiednislearaar Samuel Paty op dy wize fermoarde, om’t er yn in les oer de frijheid fan mieningsutering spotprinten fan Mohammed ibn Abd Allah sjen litten hie. Dat is in midsiuwske keapman en miltêr dy’t troch moslims as in profeet sjoen wurdt. It ôfbyldzjen fan de man jildt yn de islam as in taboe.

De boargemaster fan Nice reagearre poerlilk op ‘e moarden. Hy neamde dy ‘islamitysk faksisme’. Presidint Macron wie de ôfrûne wiken ek dúdlik oer it gewelddiedige karakter fan in part fan ‘e moslims. Hy woe de ynfloed fan ‘e steat op moslims fersterkje en besykje om wat oan yndoktrinaasje te dwaan. Dat soarge foar lilke reaksjes yn ‘e islamityske wrâld.

oktober 29, 2020 12:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.