Waarpraatsje: Woansdei myld, mar in soad wyn

oktober 20, 2020 19:10

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in skiere dei, mar mei it reinwetter foel it wol wat ta. Woansdei wurdt it in frjemde dei. It is (tige) myld, mar ek rûzich.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en reint it in skoft. De sudewyn is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. It wurdt 12 graden.

Woansdei kin it earst noch reine, mar letter wurdt it drûch en sille wy de sinne ek noch sjen. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Yn ‘e middei giet de wyn nei it súdwesten en boazet flink oan mei kâns op (tige) swiere wynpûsten. It wurdt in hiel mylde dei, want de temperatuer leit om de 18 graden hinne.

Nei woansdei bliuwt it earst in bytsje ritich en oan de mylde kant.

Jan Brinksma

oktober 20, 2020 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.