Waarpraatsje: Wiet

oktober 5, 2020 17:51

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau moandei it grutste part fan ‘e dei noch drûch, mar lang om let sette it dochs op in reinen. It bliuwt foarearst in wiete boel.

Moandeitejûn kin it noch reine en yn ‘e nacht nei tiisdei ta falle der (flinke) buien. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns krêftich. It wurdt 10 graden.

Tiisdei wikselje wat sinne en bewolking inoar ôf en der falle wer buien. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, mar by de kust lâns stiet in stik mear wyn. De temperatuer leit om de 14 graden hinne.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it ritich hjerstwaar.

Jan Brinksma

oktober 5, 2020 17:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.