Waarpraatsje: Tiisdei wat rein

oktober 12, 2020 17:45 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in rêstige hjerstdei, mar tiisdei is der wer kâns op wat rein.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is der bewolking, mar wat opklearringen binne wis net útsletten. Op guon plakken soe it ek (wat) dampich wurde kinne. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer om de 7 graden hinne.

Tiisdei is de loft berûn en soe it sa út en troch in bytsje reine kinne. Yn ‘e rin fan ‘e dei is der ek noch kâns op in glimp fan de sinne. De wyn komt út it súdeasten en is matich. It wurdt 13 graden.

Woansdei en tongersdei binne twa skiere dagen.

Jan Brinksma

oktober 12, 2020 17:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.