Waarpraatsje: Skiere dagen

oktober 14, 2020 18:47

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreaze woansdei mei ek noch wol wat sinne. Der stie wol in stuve wyn. Wy krije no in pear skiere dagen.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft foar it grutste part berûn. De swakke oant matige wyn komt út it noarden oant noardeasten. Yn it Waadgebiet stiet wat mear wyn. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Tongersdei is de loft berûn, mar de sinne soe him sa út en troch ek efkes sjen litte kinne. De wyn komt út it noardeasten en is matich, yn it Waadgebiet frij krêftich. It wurdt 12 graden.

Freed en sneon bliuwt it skier.

Jan Brinksma

oktober 14, 2020 18:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.