Waarpraatsje: Sa goed as drûch wykein

oktober 16, 2020 17:48

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar fan freed wie in kadootsje. It wie in hiel kreaze hjerstdei mei folle mear sinne as ferwachte. Yn it wykein is it wol skier, mar sa goed as drûch.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it earst helder en op guon plakken soe it wat dampich wurde kinne, mar geandewei de nacht rekket de loft berûn en letter kin der by de kust lâns in buike falle. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen leit de temperatuer tusken de 3 en 7 graden.

Sneon wikselje wat opklearringen en bewolking inoar ôf en der falle rûnom wat buikes. De wyn komt út it westen en is swak oant matich. It wurdt 11 graden.

Snein feroaret der hast neat oan it waar. De loft is foar it grutste part berûn en der kin wer in buike falle. By in matige westewyn wurdt it 11 graden.

Takomme wike wurdt it stadichoan mylder mar ek ritich.

 

oktober 16, 2020 17:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.