Waarpraatsje: Ritich

oktober 18, 2020 19:26

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel kreaze sneon mei wer mear sinne as ferwachte. Snein foelen der rûnom wat buikes. Takommende wike wurdt it ritich.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf en der kin in bui falle. Op guon plakken soe it dampich wurde kinne. De wyn komt út it súdwesten en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit tusken de 3 en 7 graden.

Moandei is it op guon plakken earst miskien noch dampich. Letter wikselje bewolking en wat sinne inoar of en in buike is net hielendal útsletten. De matige wyn giet yn ‘e rin fan ‘e dei nei it suden oant súdeasten. It wurdt 12 graden.

Fan tiisdei ôf wurdt it in stik ritiger mar ek mylder.

Jan Brinksma

oktober 18, 2020 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.