Waarpraatsje: Rêstich hjerstwaar

oktober 15, 2020 18:58

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in skiere tongersdei mei sa út en troch in glimpke fan de sinne. Freed is it ek foar it grutste part skier.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn, mar in inkelde opklearring is net útsletten. De wyn is swak oant matich en komt út it noarden oant noardeasten. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Freed is de loft berûn, mar letter op ‘e dei lit de sinne him sa út en troch miskien ek efkes sjen. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is swak oant matich. It wurdt 11 graden.

Yn it wykein is it skier, sa goed as drûch en oan de frisse kant.

Jan Brinksma

oktober 15, 2020 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.